Bernehertsintrum yn Grins bliuwt definityf iepen

Minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens © ANP
Minister Ernst Kuipers fan folkssûnens hie syn beslút yn febrewaris al naam: de bernehertsintra yn Grins en Rotterdam bliuwe iepen. De UMC's koene noch reagearje op it beslút en sjenswizen yntsjinje. Dat hat net led ta in feroaring yn it beslút.
Dat betsjut dat de sintra foar bern mei in oanberne hertôfwiking yn Utrecht en Leiden echt ticht moatte. Earder wie de mearderheid fan de Twadde Keamer al efter it beslút stean gean. Kuipers begrypt de soargen dy't libje by bern, âlden en personiel fan de sikehuzen mar fynt dat it nei tritich jier prate tiid om aksje te ûndernimmen.
"Dit besluit heeft een grote impact, en toch is het - in het belang juist van die patiënten - noodzakelijk om dit te doen", sa seit de minister.
It regeljen fan de konsintraasje fan de bernehertsoarch sil sa'n 2,5 jier duorje. It UMC Utrecht en it Prinses Máxima Centrum hawwe besletten nei de rjochter te stappen.