Swimfun op De Jouwer hat twa nije swimbadbazen: Kyra en Brecht

Brecht (links) en Kyra (rjochts) krije de lieding oer it swimbad © Omrop Fryslân
Swimfun op De Jouwer hat nije managers oansteld. De twa nije swimbadbazen hawwe allinnich net in soad ûnderfining. It binne nammentlik twa 11-jierrigen. Kyra en Brecht mochten ien dei lang de lieding oernimme.
De aksje fan it swimbad is net samar betocht. De bern moasten in fideo ynstjoere wêryn't se har bedoeling útleinen. Kyra en Brecht joegen dêrby oan it belangryk te finen dat bern dy't yn earmoed libjen, no in kear fergees swimmen kinne.
"Wij willen graag dat de arme kinderen, die het normaal niet kunnen betalen, naar binnen kunnen", seit Kyra oan it begjin fan har tjinst. "Wij vinden dat iedereen een keer moet kunnen zwemmen."
Gjinienen wurdt sa mar de baas fan in swimbad. "We hebben eerst in een plan opgeschreven wat wij gingen doen, en hebben daarna een heleboel filmpjes gemaakt, waar een goede uitkwam die we hebben ingezonden", seit Brecht.
Swimbad op de Jouwer wurdt oernommen
Swimfun fûn it in nommel plan en keas foar it duo. "We wilden graag een ludieke actie bedenken", seit Nienke Uil. "Jongeren en kinderen nemen wel vaker voor een dag een bedrijf over. Daarom dachten we: waarom hier niet?"
Uil is inisjatyfnimmer fan it plan, dat no foar it earst opset is. Sy sjocht in soad tefreden bern yn it swimbad. "De klasgenootjes zijn uiteraard heel enthousiast, omdat zij allemaal mee mochten. Ook de meisjes zijn heel blij, dus dat is mooi om te zien."

De baas

"In principe zijn zij gewoon de baas over het zwembad vandaag. We hebben van tevoren met ze afgesproken wat ze wilden doen. Het is belangrijk dat er eigen input is, dus vandaag mogen kinderen die bij de Voedselbank komen in de hele gemeente gratis komen zwemmen," seit Nienke.
Mar de bern woene ek graach in feestje, dêrom stie der ek in akwadisko op de planning en waard der in dj útnûge.