Resinsje nije foarstelling De Prutsers: "Rjocht út it hert!"

In foarstelling sûnder premjêre. Teätergroep De Prutsers hat wer ris wat oars. Alle foarstellings binne nammentlik in aktive gearwurking mei it publyk. En dus is gjin opfiering gelyk. Mei in serieuze ûndertoan, dat wol: mei-inoar op syk nei de sin fan it libben. Mei de Tien Geboden as paadwizer. Toe mar.
Dat se nea wurch fan harsels wurde, dy jonges en famkes fan De Prutsers. Se wolle no ien kear toaniel bringe yn de suverste foarm. En fine harsels dêrby alle kearen wer opnij út. Mar sparje mekoar dêrby ek net.
Talint
Dat is fansels allinnich mooglik as it selskip in grut betrouwen yn himsels hat. En njonken de nedige twivels ek oertsjûge is fan de eigen talinten. Teätermakkers Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Sjoerd Blom, Eline de Vries en Brecht Wassenaar binne dat. En meitsje dus ek wat moais fan har nijste foarstelling: Wil de echte Mozes/held/... (m/v/x) opstaan? Under de besieljende lieding fan regisseur Ira Judkovskaja, earder artistyk lieder fan Tryater.

Foar dizze foarstelling is it teäterkollektyf delstrutsen yn it restaurant fan De Oude Ambachtschool oan de Cornelis Trooststraat yn Ljouwert. Better bekend as kreatyf sintrum Doas, it plak dêr't in soad keunstners har ateliers hawwe.
Bubbel
Dêr set de foarstelling útein mei in mienskiplik miel: in fegetaryske lasanje. De spilers skowe oan by de besikers. Smûk sa, mei mekoar. "Hoe giet it mei jimme? " Se helje sels in gleske drinken foar har gasten. En dan tuskentroch dochs dy speldepripkes: fragen oer watsto meinimme soest ast dyn hûs ferlitte moast. "En wat dan efterlitte? Wat binne dyn sekerheden. Wat dyn twifels?"
Net elkenien hat ferlet om dan út syn eigen feilige bubbel te brekken. Dy taskôgers ha gjin kaartsje kocht foar in terapeutyske gearkomste mar wolle teäter. Hawar, ek sy krije waar foar har jild. Toanielspyljen is in fak. De Prutsers binne wat dat oanbelanget profesjonals.

De spilers witte wêr't se oer prate. Se hawwe har húswurk goed dien. Sa waard foar dizze foarstelling praat mei in dominy oer it Bibelboek Exodus. De úttocht fan de Israeliten út Egypte nei it Beloofde Lân ûnder lieding fan Mozes. Dy't op dizze reis De Tsien Geboden tarikt krijt. De hillige útspraken wêrfan't de measten fan ús dochs wol in pear opdreune kinne: 'Eert uw vader en uw moeder', bygelyks. Of ' Gij zult niet stelen'. En net te ferjitten: 'Ge zult niet begeren wat van uw naaste is.' Jaja.
Koarddûnser
De Prutsers gean dizze jûn by harsels te riede. Earlik en dus kwetsber. Raymond Muller giet bygelyks boppe op in tafel stean. As wie it in kânsel. Balansearjend tusken smoarge boarden en bestek. Hy fertelt dat er skieden is, mar ek de grutske heit fan in soantsje. Hoe't hy fraachtekens set by syn rol as opfieder. As in koarddûnser wit hy it publyk mei te nimmen oer dy smelle tried fan twivels.

Wat folget is in teätrale mar ek persoanlik fertelling fan alle spilers yndividueel. Dingen dy't yngripend west ha. Dy har foarme ha. Hokker idealen se noch berikke wolle. En hokker doelen yntusken berikt binne. Lokkich mei der lake wurde. En hoe. Fermaaklik hoe't Sjoerd Blom de Poiesz-polonêze oanfiert. En hoppa, ek Rome Gabe Draaijer moat mei de billen bleat. Untlading. Tsjoch!
Siik
Al hâldt de taskôger de eagen hast net droech as Eline de Vries fertelt wêrom har âlders ea skieden binne. Rjocht út it hert. Moai fan ferstilde skjintme. Spitich dat Brecht Wassenaar tidens de foarstelling dy't ik besocht siik wie. Har rol waard dy jûn hearlik ymprovisearjend oernommen troch Ira. Lokkich is Brecht yntusken wer better en is it kollektyf wer kompleet.

Dat jout Ira as regisseur gelegenheid om de ein fan de foarstelling nochris kritysk te besjen. Hoewol't de basistekst fan de akteurs fêst leit, wurdt der dizze jûn in soad ymprovisearre. Dat is ek de krêft fan dit selskip, mar bliek oan 'e ein in stroffelblok. It slot stie foar it fuotljocht, mar it doek woe net ticht.
Doekje
In oare kear dan mar wer ris in foarstelling yn in skouboarch. Doekje iepen en doekje ticht. Dúdlik. Dan kin it publyk dizze spilers ek jaan wat har takomt: in oprjocht en tankber applaus ta einbeslút!