Slachtoffer ferstoarn by oanriding tusken fyts en auto yn Frjentsjer

By it plak fan it ûngelok © SRFotografie
Oan de Voltastrjitte yn Frjentsjer is in 72-jierrige man út de gemeente Waadhoeke ferstoarn by in ûngelok. It gie om in oanriding tusken in fytser en in auto, sa hat de plysje bekend makke.
Ferskate helptsjinsten binne útriden foar it ûngelok. Twa ambulânsen, de brânwacht en in traumahelikopter binne oproppen, mar dat mocht net mear helpe. It slachtoffer is op it plak sels ferstoarn. De Forinsyske Opspoaring is ek nei Frjentsjer kaam om ûndersyk te dwaan nei de tadracht fan it ûngelok. Dat ûngelok barde om 17.15 oere hinne.