Foar it earst gjin CDA yn it Wetterskipsbestjoer, mar wol BBB, WN, PvdA, FNP en VVD

De BoerBurgerBeweging yn it Wetterskip nei de ferkiezingsútslach © Omrop Fryslân
BBB, Water Natuurlijk, PvdA, FNP en VVD: dy kombinaasje advisearret ferkenner Klaas van Weperen foar it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Ek de fêste sitten fan lânbou en natuer slute harren derby oan. It soe dêrmei foar it earst wêze dat it CDA net yn it bestjoer komt.
It nije bestjoer fertsjintwurdiget leafst 20 fan de 25 sitten en is dêrmei in tige brede koälysje. Mar in grutte ôfwêzige is it CDA, dy't sûnt Wetterskip Fryslân bestiet altyd yn it bestjoer sitten hat.
De reden dêrfoar is dat it CDA him net mei de BBB troch ien bestjoerslid fertsjintwurdigje litte wol. Sadwaande rekke it CDA bûten it koälysje-advys.
Ynhâldlik lizze BBB en CDA ticht byinoar, sa die yn de ferkenningspetearen bliken. Dêrom krigen sy de fraach oft it mooglik wie tegearre ien kandidaat te leverjen. Mar it CDA fan Sjoerd Galema seach dat net sitten.
"Dat hat it CDA ynbrocht en dat respektearje ik. Mear haw ik dêr ek net oan ta te heakjen", seit Van Weperen. "Op in gegeven stuit hawwe je meardere oerlisronden hân. Je hawwe de taak om troch te pakken. Dan komt der in momint dat je it op bepaalde ûnderdielen net iens wurde. Dan moatte je dúdlikens jaan, dat haw ik dien."

Mear partijen as bestjoersplakken

Bysûnder is dat der neist de 'geborgde' sitten fiif partijen yn de koälysje komme, mar dat der mar trije foltiids bestjoerders komme meie fan de wet. Der wurdt foar keazen om dat te ferdielen oer fiif dieltiidbestjoerders.
Dat betsjut dat guon koälysjepartijen har troch in lid fan in oare partij fertsjintwurdigje litte moatte. Mar dêr binne de partijen ree foar, sa lit Van Weperen witte.
Twa bestjoersleden komme fan BBB, twa fan Water Natuurlijk, PvdA en de fêste natuersitten, en ien bestjoerder fan FNP, VVD en de fêste sitten foar de lânbou.
Wetterskip Fryslân mei neffens de wet maksimaal trije fte oan bestjoerders oanstelle, wylst der neffens Van Weperen eins fjouwer nedich binne om alle taken goed útfiere te kinnen. Hy hopet dat it kabinet fan takom jier ôf wol romte biedt foar mear bestjoerders. Mar oant dy tiid sille de trije fte ferparte wurde moatte oer de bestjoersleden.

Brede koälysje

Van Weperen hat oanjûn dat de winst fan de earste en twadde partij, BBB en Water Natuurlijk, freget om in brede koälysje. De ferskillen tusken de partijen binne neffens de ferkenner te oerbrêgjen. It byinoar setten fan dizze twa partijen kin ynhâldlik wat nuver lykje, mar neffens Van Weperen moat it deistich bestjoer it goede foarbyld jaan.
Klaas van Weperen en Alice van Gosliga © Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Alle partijen willen graag dat boeren, natuurbeheerders en inwoners op gebiedsniveau samenwerken aan de toekomst van hun gebied", sa redenearret hy. Boppedat fynt Van Weperen in brede koälysje winsklik om de grutte opjeften yn it wetterbehear en de wetterkwaliteit oan te pakken.
Van Gosliga is tefreden mei it foarstel. "Yn haadlinen hawwe wy inoar al fûn, it komt aanst op details oan en dan sille wy sjen wêr't wy komme kinne." Sy sjocht ek dat der grutte ferskillen binne, mar seit dat it entûsjasme der is. "Dêr bin ik bliid mei, al hawwe wy ek in efterban."

Van Gosliga fûn it net yn balâns

Yn 't foar waard al dúdlik dat it stribjen wie om in brede koälysje te foarmjen. Njonken Alice van Gosliga-Faber (BBB) soe ek Monique Plantinga (Water Natuurlijk) dielnimme moatte, de twadde winner fan de ferkiezingen.
Van Gosliga joech earder al oan net op in krappe mearderheid útkomme te wollen. De ôfrûne fjouwer jier hie de koälysje in minimale mearderheid mei mar 13 fan de 25 sitten. Dêrmei wie it deistich bestjoer neffens har 'net yn balâns.'
Alice van Gosliga-Faber (BBB) fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
It deistich bestjoer bestie yn de ôfrûne perioade út CDA, VVD, Lagere Lasten Burger en fertsjintwurdigers fan de fêste sitten.

Sa wurket it Wetterskip

It deistich bestjoer is te fergelykjen mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn in gemeente. Dêr heart ek in dykgraaf by, dy't foar in perioade fan seis jier oanwiisd is. Sûnt 2020 is Luzette Kroon de dykgraaf.
In wetterskip hat njonken in deistich bestjoer ek in algemien bestjoer. Dêryn sitte allerhanne fertsjintwurdigers, fergelykber mei in gemeenteried. Sy kontrolearje oft it deistich bestjoer it belied goed útfiert.