Is Ferry de Haan in goede opfolger fan Cees Roozemond? "Sympatike man, mar gjin Fries"

Ferry de Haan © SC Hearrenfean
Ferry de Haan is fan 1 juny ôf de nije algemien direkteur fan sc Hearrenfean. Yn de fuotbalwrâld stiet er te boek as sympatyk, in hurde wurker, sosjaal en in man dy't syn eigen koers fart. Al binne der altyd ek kanttekenings te pleatsen. "Hy is gjin Fries."
Foppe de Haan is en bliuwt in echte klupman en komt noch geregeld op de klup. Hy is posityf oer it oanstellen fan syn nammegenoat. Dat is Dennis Gijsman fansels ek, want as foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen hat hy it beslút naam om Ferry de Haan ta direkteur te beneamen.
Mei Foppe de Haan, Dennis Gijsman en Simon Kelder prate we oer de nije algemien direkteur. Dejinge dy't him it bêste ken, is Kelder. Hy wurke mei him by Excelsior en se treffe inoar noch altyd sa no en dan by de pleatslike fuotbalklup yn Barendrecht.

Simon Kelder (78): fan 1996 oant 2012 direkteur fan Excelsior

"Het is mooi dat hij de stap heeft kunnen maken naar een club als Heerenveen, het lastige Heerenveen. Ik ken de historie van die club. Je hebt daar altijd te maken met de vijfde colonne. Dat heeft de verdere ontwikkeling van de club ook vaak in de weg gezeten.
Vooral in tijden dat het op het veld even minder gaat, ligt dat gevaar op de loer. Dat is kwalijk. Dat anderen zich er steeds mee bemoeien, dat is helemaal niet goed voor een club. Maar ik denk dat Ferry daar niet al te vee last van zal krijgen. Hij kent de historie, hij vaart zijn eigen koers."
Simon Kelder mei Ferry de Haan (r) en Wouter Gudde op de tribune by Excelsior © Orange Pictures
"Ik zie Ferry nog geregeld. We wonen beiden in Barendrecht en zijn zoon speelt hier bij Smitshoek (fjirde divyzje, red.). Dus we maken nog regelmatig een praatje, vooral over voetbal natuurlijk.
Hij is bij Excelsior begonnen als jeugdtrainer en later op de commerciële afdeling beland. In 2012 stopte ik als directeur, toen moest ik op zoek naar een opvolger. We kozen Ferry omdat hij de club goed kende. Dat is bij een kleine club als Excelsior belangrijk. En we achtten hem er natuurlijk geschikt voor, anders hadden we hem niet aangenomen."
Hij is geen schreeuwer en is prettig in de omgang.
Simon Kelder, âld-direkteur Excelsior
"Hij heeft het bij Excelsior goed gedaan. Natuurlijk is dat een kleinere club dan Heerenveen, maar dat zie ik niet als nadeel. Eerder andersom. Dat hij het bij Excelsior zo goed heeft gedaan, is juist heel knap. Daar moest hij veel alleen doen en nu heeft hij meer mensen om zich heen die hem kunnen helpen.
Hij kan goed met mensen omgaan, is geen schreeuwer, staat open voor ideeën van anderen en is prettig in de omgang. Dat zijn wel belangrijke, of op z'n minst nuttige, eigenschappen voor een directeur. Hij weet wat-ie wil, maar is niet eigenwijs."

Foppe de Haan (78): âld-trainer sc Hearrenfean

"Ik moat sizze dat ik wol merk dat se der hiel goed oer neitocht ha. Se ha yn alle lagen fan de klup petearen fierd. De Ried fan Kommissarissen hat dat logysk oanpakt en dit is der útkaam. As ik troch it stadion rin en mei minsken praat, dan merk ik wol dat se him sympatyk fine. No, dat is wol belangryk, dat se je aardich fine.
Foppe de Haan by Hearrenfean-Ajax yn maart fan dit jier © Orange Pictures
Mar hy is gjin Fries. It is miskien wat in âlderwetske miening fan my... It hoecht ek net perfoarst in Fries te wêzen... Mar as ik kritysk nei de organisaasje sjoch, dan sjoch ik wol in soad minsken dy't fan bûten de provinsje komme. In algemien direkteur dy't út Rotterdam komt, in haad scouting út Deventer. Ik fyn wol dat de klup mei dêrtroch somtiden de konneksje mei it publyk wat kwytrekket. Minsken fan bûten de provinsje yn de klup hoecht fansels net ferkeard te wêzen, mar bining mei Fryslân is wol wichtich."
Der is noch genôch te dwaan.
Foppe de Haan
"Ferry hat yn elts gefal ferstân fan fuotbal. Yn wat foar mate dat nedich is foar in direkteur, dêr kinne je altyd oer diskusjearje, mar ferstân fan fuotbal is wol belangryk as je algemien direkteur fan in fuotbalklup wurde.
En hy hat de ôfrûne twa jier gjin gekke dingen dien. Al is der wol genôch te dwaan. De jeugdoplieding falt ek ûnder him en dat moat echt better. Der spylje tefolle teams op in te leech nivo. Dêr moat echt wat gebeure. En de scouting moat ek reorganisearre wurde. Der is no in nije haad scouting, mar der binne ek wat scouts fuortgongen, dus Ferry moat oan de bak."

Dennis Gijsman (41): foarsitter Ried fan Kommissarissen sc Hearrenfean

"Ferry heeft een duidelijke voetbalvisie en dat is erg belangrijk gezien de plannen die we hebben bij Heerenveen. Daarnaast is hij ook al twee jaar bij de club, dus hij weet wat hier speelt en waar we naartoe willen."
Dennis Gijsman fan de Ried fan Kommissarissen oer de oanstelling fan De Haan as algemien direkteur
"Hij heeft het hier de afgelopen twee jaar echt waargemaakt. In een andere functie (technysk manager, red.) weliswaar, maar wel op een zodanige manier dat wij denken dat hij ook de ideale kandidaat is om algemeen directeur te zijn.
Ferry was de interne kandidaat. Maar dat hebben we eerst geparkeerd. We zijn ook in gesprek gegaan met een aantal andere, externe kandidaten. En dan maak je een afweging."
Heerenveen wil weer solide in de play-offs acteren.
Dennis Gijsman, foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen
"De voetbalclub Heerenveen is uiteindelijk gewoon een mkb-bedrijf. We waren niet op zoek naar een bestuurder, maar naar een meewerkende directeur. Iemand die zelf met de poten in de klei staat.
We gaan nu een nieuw driejarig beleidsplan maken. Maar één van de uitdagingen is wel dat we financieel gezond worden. Daar is de club al heel lang mee bezig. Dat hoeven niet per se zwarte cijfers te zijn. Het gaat er uiteindelijk om dat je sportieve stappen zet. Heerenveen wil weer solide in de play-offs acteren.
Om dat te bereiken moeten we nog een stap maken. Dan moet je kunnen investeren: in de jeugd, in de scouting en in talent. Dat lukt alleen maar als het operationeel tekort kleiner wordt."