Boargemaster jout earme Eaststellingwervers by ôfskied in kado mei út eigen bûse

Boargemaster Sandra Korthuis © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Boargemaster Sandra Korthuis ferlit Eaststellingwerf, mar lit in bysûnder fûns efter. Dat moat stipe jaan oan ynwenners dy't it finansjeel dreech hawwe. Korthuis donearret sels 25.000 euro, út eigen bûse.
Korthuis is sûnt july 2021 boargemaster fan Eaststellingwerf, as opfolger fan Harry Oosterman. Mar moandei nimt Jack Werkman it amt wer oer fan Korthuis, dy't eins oansteld wie as waarnimmend boargemaster.
Hoewol't sy net mear oan it roer fan de gemeente stiet, hat Eaststellingwerf it hart fan Korthuis stellen. Dêrom gie sy yn petear mei wolwêzensorganisaasje Scala oft sy ek wat betsjutte koe foar de ynwenners.
Sy leit út wêrom: "Omdat ik zag dat er voor mensen in moeilijkheden in Ooststellingwerf voldoende mogelijkheden zijn om steun te krijgen, maar er toch een grote groep is die daar buiten valt. Ik heb het daar met mijn vrouw over gehad, naar aanleiding van het afscheid van de gemeente."
Wij hebben geen kinderen en ik heb hier een fantastische tijd gehad als burgemeester.
Boargemaster Korthuis donearret sels 25.000 euro
Korthuis kaam sa op it idee foar in fûns, dêr't sy en har frou 25.000 euro út eigen bûse yn stekke. Dêrmei kin it fûns op syn minst de earste fiif jier foarút. "Wij hebben geen kinderen en ik heb hier een fantastische tijd gehad als burgemeester. Ook al was het maar 20 maanden."

In finansjele triuw yn 'e rêch

It fûns moat minsken in lytse finansjele triuw yn 'e rêch jaan. Bygelyks minsken dy't krekt in pear tientsjes tefolle fertsjinje om enerzjytaslach te krijen. Of in bystânsmem dy't in waskmasine nedich hat. Of in bern mei talint dy't dat jild nedich hat om te sporten of muzyk te spyljen.
Minsken dy't finansjeel yn 'e knipe kaam binne © Shutterstock.com (Cast Of Thousands)
Korthuis makke har idee tiisdei wrâldkundich. "Aan de mensen die betrokken waren bij mijn afscheid heb ik gevraagd om een donatie te doen." Der hawwe al kollega's west dy't in jefte oan it fûns dien hawwe, seit sy.

"It giet net om my"

It fûns hat de namme 'Tussen Wal en Schip' krigen. Net har eigen namme, mar dêr is Korthuis resolút yn. "Een neutrale naam spreekt meer aan. Het gaat niet om mij, maar om de mensen die net tussen wal en schip vallen."
Ald-wethâlder Marian Jager is foarsitter fan de toetsingskommisje dy't oanfragen foar it fûns beoardielje sil. "Zij krijgen de informatie anoniem. Want de gemeenschap is wel veel ons-kent-ons, daarom behandelen we de aanvragen anoniem en voert Scala de opdrachten uit."
Fan woansdei ôf kinne oanfragen foar it fûns dien wurde fia Stichting Scala. Wa't in bydrage jaan wol oan it fûns, kin ek op dy side terjochte.