Teller rint fierder op: al 33 oanjeften fan ynbraken bedriuwsbuskes yn Noard-Nederlân

Der is in stik út de wurkbus knipt © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De plysje docht ûndersyk nei 33 stellerijen út bedriuwsauto's yn Noard-Nederlân. De ynbraken binne dien tusken ein maart en heal april.
In wike lyn stie de teller by de plysje noch op tolve oanjeften: sân út Donkerbroek en fiif meldingen út Peize. De bedriuwsbuskes waarden yn dy saken iepenknipt en it djoere ark is dêrnei út de auto naam. It giet benammen om buskes fan ynstallaasjebedriuwen.
De plysje ûndersiket oft der in ferbân is tusken de ferskate saken. Der binne noch gjin fertochten oanholden.

Advys

It is neffens de plysje it bêste om it djoere guod út de auto's te heljen en de auto op in goed ferljochte plak te setten.
As je dochs slachtoffer wurde fan sa'n ynbraak freget de plysje om sa gau as mooglik oanjefte te dwaan. "Dat levert ons mogelijk waardevolle informatie op voor ons onderzoek, zeker als er nog mogelijke sporen zijn", sizze se.