HEA! Keunst op it húske
HEA! Wc-master fan de Hema
Wannear't hy net dwaande is mei it skjinhâlden fan de húskes yn in grut Ljouwerter warehûs, makket Clement van Wijk de moaiste potleadtekeningen. Sa hat hy al hiel wat portretten makke, fan de Mona Lisa oant it keningshûs.
Van Wijk wie lasker, mar rekke arbeidsûngeskikt foar dat wurk. Doe krige hy de kâns om de toiletten fan de winkel te pachtsjen. It wurk foldocht him goed, want tagelyk kin hy him dwaande hâlde mei it tekenjen. It ljocht yn de húskes is sels geskikt om minsken model sitte te litten.