Friezen oanholden yn grut ûndersyk nei útrûpeling Taiske froulju

In auto fan de plysje © ANP Foto
De plysje hat yn elk gefal trije Friezen oanholden yn in grut ûndersyk nei it útrûpeljen ('uitbuiten' yn it Nederlânsk) fan Taiske froulju. De oanhâldingen wienen al yn de ôfrûne moanne, mar waarden woansdei pas bekend makke.
De manlju wurde fertocht fan dielname oan in kriminele organisaasje, dy't him rjochtet op minskehannel en wytwaskjen.
It ûndersyk begûn ferline jier nei in kontrôle yn in wenning yn Ljouwert. Dêrút die bliken dat it kriminele netwurk aktyf is yn Nederlân en ûnder mear Taiske froulju útrûpelet. Yntusken binne 21 fertochten oanholden op ferskate lokaasjes yn Nederlân, wêrmei't neffens de plysje in grut part fan it netwurk oprôle is.

Ek froulju ûnder de fertochten

Under de oanholden persoanen binne trije manlju (35, 40 en 71 jier) fan Assen, twa manlju (36 en 42 jier) fan Ljouwert en in 69-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân. De gegevens fan de oare fertochten binne net bekend makke, mar dêr sitte ek froulju by.
De fertochten hienen neffens de plysje ferskate rollen binnen it netwurk. Guon fersoargen de oanstjoering, oaren holden harren bygelyks dwaande mei it ferfieren en it húsfestjen fan de slachtoffers.

Twongen ta prostitúsje

De froulju waarden yn Tailân ûnder falske útwynsels rekrutearre. Dêrby gienen se in skuld oan dy't werom fertsjinne wurde moast. Ien kear yn Nederlân waarden se twongen ta yllegale prostitúsje.
Húseigeners en klanten hawwe harren net altyd bewust west fan de útrûpelingssituaasje fan de slachtoffers.

Nije oanhâldingen net útsletten

In spesjaal team fan de plysje dat rjochte is op minskehannel hat ferskate slachtoffers identifisearre en út de situaasje helle. Ek binne der ferskate oanjeften opnaam. It ûndersyk is noch net klear. Meardere fertochten sitte noch fêst en nije oanhâldingen wurde net útsletten, seit de plysje.