CleanUpXL fisket komplete graafmasine út de Waadsee: "Een enorm bijzondere vondst"

De graafmasine dy't 28 jier lyn ferlern gong © Waddenvereniging
In bysûndere fynst op de grins fan de Noardsee en de Waadsee: by in aksje fan CleanUpXL is in komplete graafmasine út it wetter helle. De kraan hat 28 jier op de boaiem fan de see lein.
De kraan stie op it dek fan it Noarske skip LINITO. By in swiere stoarm yn 1995 kaam it skip yn need. "Toevallig net als de MSC Zoe, in de nacht van 1 op 2 januari", seit Ellen Kuipers, projektlieder fan CleanUpXL. It skip waard wol burgen, mar de kraan bleau lizzen.
CleanUpXL fisket in graafmasine op
It wie bekend dat de graafmasine nea fûn wie, mar dêr wie CleanUpXL net fan op de hichte. "Wij kregen een tip, zoals wel vaker, dat daar wel iets moest liggen. Wij wisten alleen dat er dekluiken lagen. Het is een enorm bijzondere vondst."
En in grutte fynst. Gruttere objekten as dizze graafmasine soene mei de bergingsskippen fan it projekt hast net mear burgen wurde kinne, seit Kuipers. "De kraan is nog intact, het is een grote hijskraan. Het was een grote uitdaging om die in Harlingen ook weer van boord te krijgen. Met drie andere hijskranen hebben ze deze kraan aan wal gezet."

MSC Zoe

CleanUpXL is in projekt dat opset is nei oanlieding fan de kontenerramp fan it skip MSC Zoe, fertelt Kuipers. Dat skip ferlear fan 1 op 2 jannewaris 2019 boppe de Waadeilannen 342 konteners. "MSC Zoe was aanleiding om onder water intensief op zoek te gaan naar alle resterende lading." Troch dat projekt kaam it team der stadichoan efter dat der noch folle mear guod op de seeboaiem leit.
© Waddenvereniging
"Toen zijn we met dit project gestart. Wij hebben de doelstelling om de spullen die wij uit de zee halen te hergebruiken." Dat bart ek mei de kraan dy't no opfiske is. "Die is met een staalbrander in stukken gesneden en wordt weer hergebruikt bij de hoogovens."

Offalfûns

Der wurde wol faker grutte objekten fûn, mar de kraan fynt Kuipers wol hiel bysûnder. "We hebben ook wel eens vrachtwagentrailers gevonden, maar dit is wel een hoogtepuntje. Er ligt zoveel rommel in de zee, we gaan vast nog meer meemaken."
Om de bergingswurksumheden yn de takomst fuort te setten wurdt no sjoen nei it opsetten fan in soarte fan "nationaal afvalfonds", om jild op te heljen. "De Noordzee is door jarenlange scheepvaart toch een behoorlijke vuilnisbelt geworden. Wij zijn rijk omdat we aan zee liggen, dus we moeten ook goed voor de zee zorgen."