Arjen de Boer (58) wennet goed in jier op Bonêre en wol nea mear werom nei Fryslân

Arjen de Boer op Bonêre © eigen foto
Arjen de Boer (58) fan Grou wie tritich jier lang dosint autotechnyk op in skoalle yn Drachten, mar smiet ferline jier yn febrewaris it roer om. Hy ferhuze mei trije koffers en in angel nei Bonêre.
Sa'n seis jier lyn kaam De Boer foar it earst op Bonêre, mei syn soan. Dêrnei begûn er te tinken: "As ik moarn omfal, dan hat dit myn libben west. En wol ik sa einigje? Dat woe ik net. Dus doe haw ik by mysels tocht: wat wol ik dan?"
De Grouster tocht doe werom oan syn fakânsje op it Karybyske eilân. "We hawwe doe mei in fisker mei west. Ik tocht: goh, ast sa dyn jild fertsjinje kinst. Dat soe wol machtich wêze. Doe haw ik it mar dien."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
Dat hie noch wol wat fuotten yn 'e ierde. Der moasten nammentlik in boat en in fergunning komme. Earst mar in boat, tocht De Boer. Doe't er syn earste boat kocht, de Prinses, kaam er foar in ferfelende ferrassing te stean. "Ik hearde in pear dagen letter fan ien: 'De Prinses is ek ferkocht, hè.' Dus ik sei: 'Ja, oan my.' Mar hy sei dat it oan in oar wie."
De Boer gie direkt nei de ferkeaper ta om ferhaal te heljen. "Dus ik sei: 'Wy hienen dochs in oerienkomst?' Ja nee, mar jild is belangriker, sei er. Dat wie de earste boat."
Ek de twadde boat dy't er keapje woe, gie úteinlik net troch. "Dat wie allegearre yn kannen en kruiken, de ferkeaper hie ik noch frege, ja hy woe de boat ferkeapje. Wat die no bliken, hy woe in stik grûn keapje en dêr hie er in hypoteek foar nedich. Mar dy krige er net. En om't er dy hypoteek net krige, hoegde dy boat ek net mear fuort."
By de tredde kear wie it wol raak en dy boat brûkt De Boer no noch hieltyd foar syn fisktripkes.
Arjen de Boer op syn boat © eigen foto
Dan it twadde obstakel: in fergunning om in bedriuwke op see te hawwen. Der binne lykwols al in hiel soad bedriuwkes, bygelyks om te snorkeljen of mei in tube efter in boat oer de see te skuorren. De Boer moast dus eat betinke om de ynstânsjes te oertsjûgjen dat syn bedriuw in mearwearde wie, mar ek de see net in soad belêste soe.
Hy betocht dêrom it catch and release-fiskjen. "Dus elke fisk dy't we fange dy giet wer werom, yn prinsipe. Dat wie wol eat dat de minsken hjir hiel bot oanspruts en op basis wêrfan't ik in fergunning krige", seit De Boer.
"Dat soarget foar folle minder skea as it gewoane fiskjen, mar ik wol wol realistysk wêze: by my giet der ek wol ris in fiskje dea. Dat is no ien kear sa. As se ferkeard heakke sitte of hiel djip, dat is ien kear sa. Mar oer it algemien geane de fisken gewoan wer werom. Ik kin it net oer myn hert ferkrije om elke fisk dea te slaan."
Arjen de Boer op Bonêre © eigen foto
Om noch wat sinten by te fertsjinjen is De Boer ek yn te hieren as sjauffeur. "De measte Bonêrianen kinne net ride, of se hawwe net iens in rydbewiis en se kinne ek absolút net mei in kar ride. En al hielendal net efterút en ek net mei de spegels. Dus dat jout my wer in bybaantsje. Dan doch ik wat transport foar minsken."

Nea mear werom

De Boer genietet noch elke dei fan syn ferhuzing nei Bonêre en syn nije wurk. "We hawwe in protte wille. We kinne hiel moai oer de see sjen. We fange in pear fiskjes. We kinne de boaiem sjen as it tweintich meter djip is. Moast ris neigean, we hawwe yn Fryslân net iens wetter dat 20 meter djip is."
As him frege wurdt wat er mist oan Fryslân bliuwt it dan ek lang stil, hy kin eins neat betinke. Hy wit wol wat er net mist. "It is kâld, minsken binne oer it algemien net echt aardich. De drokte yn it ferkear foel my enoarm ôf. It is hjir hiel oars. Elkenien hat in goed sin", seit De Boer.
Spyt fan syn kar hat er dan ek net: "Ik sil it dy sterker fertelle: ik kom net mear werom."
Operaasje Fryske Flagge: Diana de Groot praat mei Arjen de Boer oer syn aventoer op Bonêre