De toan fan Froukje Sijtsma: "Tútsjeboartsje achter de feesttinte"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"De tiid fan de doarpsfeesten komt der wer oan. Foar in soad minsken ít feest fan it jier. En ek lang dêrnei bliuwt it faak noch ûnrêstich yn de buorren, want wa is mei wa efter de feesttinte bedarre?
Mei in bytsje deeglike opfieding op it plattelân, silst op syn minst ien kear yn dyn libben tútsjeboartsje achter de feesttinte. Mei ien út dyn eigen doarp, of miskien wol fan ien of twa doarpen fierderop.
As ik myn lochboek der ris by pak, dan haw ik alles byelkoar opteld nul kear op in doarpsfeest west fan it plak dêr't ik opgroeid bin. Wol op dy fan oare doarpen, mar ek dêr haw ik nea achter de feesttinte stien.
De toan fan Froukje Sijtsma
No soe ik fansels opskeppe kinne oer dat ik jierren ferlyn, praktysk yn de achtertún fan Desi Bouterse, dy beruchte âld-presidint fan Suriname, mei in jongeman oan it tútsjeboartsjen west haw. Mar dat komt fansels lang net yn de buert fan in Fryske feesttinte.
Ik haw noch in pear jierdeis te gean foar't ik de 40 oantikje en ik freegje my serieus ôf oft ik der noch nei stribje moat om oait noch achter dy tinte te bedarjen. Al kaam ik foarich jier wol ferrekte ticht yn de buert.
Op in online datingsite trof ik in leuke Fryske frijfeint mei wa't it goed klikte. Him soe ik wolris yn it echt moetsje wolle. Hy hie allinnich net safolle tiid foar my. Middeis nei it wurk stode er fuort troch nei Skarsterbrêge. Hast twa wiken lang wie er dêr yn 't spier om fleurige feesttinten op te bouwen foar Brêgepop, it festival dat syn bêste maat betocht en opset hat, mei trije freonen.
Fia ynsprutsen berjochtsjes op WhatsApp hâlde hy my op 'e hichte fan syn wurksumheden. Op sneontemiddei - krekt nei't in bûtenlânske kapster, dy't my net goed begriep, myn hier totaal ferprutst hie - appte hy: "Wêrom komst oars jûn net gesellich efkes del? Dan komst mar in drankje heljen by my oan de taap."
Myn fernaggele kapsel koe him net safolle skille. En om't ik wist dat der ek kollega's omstappe soenen, doarde ik it wol oan. Mocht ik him net leuk fine, dan wie ik ommers ek sa wer fuort. Mar it blykte in hiele leuke en leave man te wêzen en jûns doe't it lêste optreden west hie, bleaunen wy noch stean praten en holp ik him mei it opromjen fan de bar en feesttinte.
In memorabele earste moeting. Want wa stiet der no mei in biezem te swaaien op in earste date? Nachts rûn er mei nei myn auto ta. Alle feesttinten en smûke hoekjes fan opsteapele ierappelkistkes rûnen wy netsjes foarby. Wol joech er my in lyts tútsje op de wang.
Dit wykein, op 14 en 15 april, kin der wer omraak flikfloaid wurde achter de tinten fan Brêgepop yn Skarsterbrêge. Mar myn ambysje om oait noch achter in feesttinte te tútsjen, is wol sa'n bytsje ferflein. Ik stean dit wykein, tegearre mei dy leuke fint fan dy datingsite, net achter de feesttinte, mar wol gesellich drankjes te ferkeapjen achter de bar."