Resinsje musical Ciske de Rat: "In gouden strôtsje"

Henk te Biesebeek beskôget Ciske de Rat © Omrop Fryslân
Muzykskoalle Elzer yn Drachten flikt it wer. Ciske de Rat de musical is in boeiende foarstelling wurden, dy't stiet as in hûs. In moaie miks tusken amateur- en profesjoneel talint, wêrby't ek nochris loepsuver songen wurdt. Hearlik!
By ynkomst fan it Drachtster Slúsfabryk wurdt de ambysje fan de produsinten al daliks dúdlik. It poadium is oer de hiele breedte fan de âlde fabrykshal útlein. In ymposant toanielbyld mei in cast fan mear as tritich spilers is it gefolch.
in moaie miks fan amateur- en profesjoneel talint © Daniel Wenzel
En oeral op it poadium is de hiele foarstelling lang wol wat te sjen. De taskôger hoecht him gjin momint te ferfelen. Regisseur Dani Heres Dominguez hat der in kleurryk skouspul fan makke. Ek as in bepaalde sêne útspile is en de fokus him op it poadium nei in oar momint ferpleatst, falle der gjin deade mominten en swarte gatten.
As bygelyks de passazjiers yn de trein har tekst foar it stik útsprutsen ha en fierder swije, sjocht it publyk oan it ritmysk bewegen fan de lichems dat de trein wol fierder rydt.

Heit en soan

It ferhaal fan Ciske de Rat, is by de measten wol bekend. De kweajonge út Amsterdam, it 'skoffy' mei it gouden hert, dy't troch syn mem sa narre wurdt dat er har úteinlik deastekt. Yn dizze musical sjogge we net allinnich de jonge Ciske, spile troch Waylon Elzer, mar ek de folwoeksen Ciske, spile troch syn heit Rodney Elzer.

Mobilisaasje

Dy jout yn retrospektyf net allinnich in ferklearring foar de dieden fan de jonge Ciske , mar nimt de taskôger ek mei nei de iere oarlochsjierren yn Fryslân. It publyk moat nammentlik begripe dat Ciske by de mobilisaasje him oansletten hat by de ferdigeningslinys yn Fryslân. It komt allegear wat forsearre oer. En dat is it ek.
Waylon Elzer oertsjûget as Ciske de Rat © Daniel Wenzel
Dat jildt eins hielendal wat foar it Frysk 'eigene' yn de musical. Aardich fansels dat de treinkondukteur wat Fryske wurden sizze mei, mar it makket de foarstelling der ynhâldlik net riker fan. Sterker, it wurket by it skoalreiske nei Scheveningen sels betiizjend. De bernejierren fan Ciske wiene dochs wol yn Amsterdam?

Strôtsje

Hawar. It docht neat ôf oan de prestaasjes fan Waylon en Rodney Elzer as Ciske junior en senior. Yn it deistich libben as soan en heit ek oan mekoar besibbe. Dat senior goed sjonge koe, wisten we al. Mar ferhip, it wekt djippe bewûndering hoe oertsjûgjend Waylon de jonge Ciske spilet. En sjongt. In 'gouden strôtsje' hat dat jonkje. Dat belooft noch wat
Rodney Elzer as de âldere Ciske en Thijs Meester as syn master © Daniel Wenzel
En dan dochs wer de technyk dy't foar in smet op it blinkende blazoen soarget. De balâns tusken de muzyk en sang is nammentlik gauris fier te sykjen, wêrtroch't de teksten net mear te ferstean binne. It folume docht no en dan sear oan de earen.

Live muzyk

Oan de muzyk sels leit dat oars net. Dy wurdt live op it poadium troch betûfte muzikanten spile. En geandewei de foarstelling waard ien en oar wol better, mar liet it dochs tefolle ôfwitte. Benammen yn de lytsere, brekbere mominten is dat ferhipte spitich.

Dûns

It hiele ensemble fertsjinnet oars in grut komplemint. Fan lyts oant grut, fan jong oant âld, eltsenien docht wat er dwaan moat en docht dat mei gloede. Sa'k sei, der wurdt net allinnich kreas songen, it fertsjinnet ek respekt hoe dissiplinearre it selskip de bytiden komplekse dûnspassen foar rekken nimt. Oarspronklik produsint Joop van den Ende kin tefreden wêze.
De komplekse dûnspaskes wurde dissiplinearre delset © Daniel Wenzel
Opmerklik dat it slot fan de foarstelling dan wer net it spatterjend ein is dat je fan sa'n show ferwachtsje meie. Dêrfoar wie it allegear krekt wat te wifeljend. Krekt as wie de enerzjy fan de hiele spilersgroep ek in bytsje op.
Net raar fansels. Al mei al duorret it programma mear as trije oeren. Ek foar it publyk in hiele sit. In bytsje koarter hie de foarstelling wier net minder makke. Dêrfoar hat dizze musical Ciske de Rat te folle hichtepunten.