Ljouwert wol 192 flekswenten yn Spoordokgebiet, ûnder mear foar statushâlders

It ûntwerp fan de flekswenten © Gemeente Leeuwarden
De gemeente Ljouwert wol noch foar de simmer 192 flekswenten delsette yn it Spoordokgebiet yn de stêd om dêr ûnder oare Oekraïners en statushâlders yn ûnder te bringen. Statushâlders binne eardere asylsikers dy't no in ferbliuwsfergunning hawwe.
De wenten moatte komme op it eardere terrein fan de slachterij Brada. De gemeente neamt dit gebiet no De Pier.
Der is plak foar tusken de 500 en 650 bewenners. It is de bedoeling dat de flekswenten sa'n tsien jier stean bliuwe. In tredde dêrfan is bedoeld foar Oekraïners, in tredde foar statushâlders en it lêste tredde is bedoeld foar oare doelgroepen.

Efterstân

Elke gemeente moat alle jierren in bepaald oantal statushâlders ûnder dak bringe. De gemeente Ljouwert rint efter mei de doelstellingen. Der is dêrom yn opdracht fan de provinsje in plan fan oanpak makke om de efterstân yn te rinnen. Ien fan de ûnderdielen fan it plan binne de flekswenten yn it Spoordokgebiet.
De gemeente wol ek oerlizze mei eigeners fan partikuliere kompleksen om te sjen oft dêr statushâlders yn ûnderbrocht wurde kinne. En de gemeente praat mei wenningkorporaasjes om te sjen wat dy betsjutte kinne. Mar fanwege de wenningkrapte is dat foar de wat langere termyn.
De efterstân dy't Ljouwert oprûn hat, giet om 43 statushâlders. Fierder stiet de gemeente foar de opjefte om yn dit jier ek noch ris 373 statushâlders op te fangen.

Start fan de bou

Neffens wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert sil besocht wurde om 1 july mei de bou fan de wenten útein te setten. "Maar ik moet ook eerlijk zeggen dat de kans dat we dat halen klein is. Dus ik hoop heel snel na de zomer en liever eerder voor de eerste 96 en snel daarna de volgende 96."
De gemeenterie fan Ljouwert moat noch wol te set oer it plan fan de 192 flekswenten.