Maitiid yn Makkum: see-earn fuorret trije pykjes

In fragmint út de fideo, wêryn't de see-earn de pykjes fuorret © Albert Draaijer
It giet goed mei de see-earnen yn ús provinsje. Rûnom komme de pykjes út de aaien en dat smyt moaie bylden op.
Albert Draaijer út Koudum hâldt de see-earnen al jierren yn de gaten. Under oare yn Makkum sit no in mem mei trije jongen. Dy binne op 1 april út it aai kaam.
"Ik seach dat de see-earn de pykjes oan it fuorjen wie", fertelt Draaijer. "Ik tocht: dat kin dochs net wier wêze, trije pykjes? Mar doe't ik thúskaam seach ik it byld werom en yndie, it wienen der trije."
Unike bylden fan see-earn en trije pykjes yn Makkum
De folwoeksen fûgels binne tige grutte bisten, de jongen binne noch mar hiel lyts. "It fuorjen giet dus hiel foarsichtich. It is in joekel fan in bist, mar se jouwe hiel lytse stikjes iten oan de lytskes."
Al seis jier lang filmet Draaijer de see-earnen. Ferline jier yn Koudum hie er ek al ien fêstlein mei trije pykjes. "Dat wie al unyk, it wie it iennichste plak yn Fryslân mei trije pykjes. Mar der is genôch fretten yn de Makkumerwaard, dat is in gouden plak foar de fûgels."
In see-earn yn De Alde Feanen, ferline jier © It Fryske Gea
Yn totaal binne der no fiif of seis pearen yn de súdwesthoeke, neffens Draaijer. "Mear beammen as dat binne der ek net geskikt foar. Sa is it ek wol genôch, want dan sitte se elkoar ek net yn it farwetter."

Measten fan hiel Nederlân

Draaijer jout geregeld lêzingen oer de see-earn. Hy fertelt dat de omstannichheden hjir goed binne foar de bisten. "Hjir binne de measten fan hiel Nederlân. Dat komt troch de marren yn ús provinsje. Mar ek trochdat der in soad guozzen binne. Dat hat ek neidielen, foar de ljippen is it lestich bygelyks. Dus in bytsje behearskje soe ek net ferkeard wêze."
Eartiids fleagen de see-earnen ek wol troch Fryslân, mar doe hienen se noch gjin kâns om har hjir te fêstigjen. "De notabelen fûnen it moai om in opsette see-earn op it buro te setten", fertelt Draaijer. De jagers mochten doe ek oeral komme en op de bisten sjitte.
Foar Draaijer binne dit moaie wiken. Hy kin sels bot genietsje fan de fûgels. "Mar ik genietsje der ek sa fan dat oaren derfan genietsje."