Q&A: Is Ferry de Haan geskikt as nije algemien direkteur fan sc Hearrenfean?

Roelof de Vries (l) en Ferry de Haan © Orange Pictures/Omrop Fryslân
Ferry de Haan wurdt de nije algemien direkteur fan sportklup Hearrenfean. Is hy de bêste kandidaat om Cees Roozemond op te folgjen? We freegje it sportferslachjouwer Roelof de Vries.
De Haan (50) is sûnt de simmer fan 2021 technysk manager by Hearrenfean. Dêrfoar wie er algemien direkteur by Excelsior Rotterdam. No tekenet er foar trije jier as algemien direkteur yn it Abe Lenstra Stadion.
Roelof de Vries hat syn twivels oer de oanstelling fan De Haan.
Roelof, is it foar dy in ferrassing dat Ferry de Haan de nije algemien direkteur wurdt?
"Nee, dat net. It wie al in bytsje útlekt. Omdat it noch wol efkes duorre, frege ik my wol ôf oft der noch tûkelteammen wienen, mar no is der dochs wite reek."
Wiene der noch tûkelteammen dan?
"Wol wat. De Ried fan Kommissarissen (RfK) mei Dennis Gijsman, Henny Groot Kormelink en Martin van Dekken stie wol efter de kar foar De Haan. Mar it Stichtingsbestjoer, dat boppe de RfK stiet, sette der wol wat fraachtekens by.
Dat hie der bygelyks mei te krijen dat De Haan al faak oanskode by fergaderingen yn stee fan Roozemond. It Stichtingsbestjoer hie dêrtroch it idee dat de kar foar De Haan der trochhinne drukt waard. It Stichtingsbestjoer hie lykwols wol genôch fertrouwen yn De Haan as kandidaat. Uteinlik wie der dus mear krityk op it proses as op de kandidaat en hawwe se besletten De Haan te beneamen."
Ik fyn dat de 'baas fan de klup' ek in boechbyld wêze moat.
Roelof de Vries
Wat fynst fan de kar om Ferry de Haan algemien direkteur te meitsjen?
"Ik tink dat De Haan wol goed leit binnen de klup. Dat sit wol goed. Hy hat by Excelsior ek sjen litten dat hy it goed kin, dus wat dat oanbelanget is de stap wol logysk. Mar Excelsior is fansels wol in folle lytsere klup.
En ik fyn dat de 'baas fan de klup' ek in boechbyld wêze moat. Krekt as de trainer. Supporters moatte in bining fiele. Wat dat oanbelanget stiet De Haan al 1-0 efter, omdat er domwei gjin Fries is. Mar dêrneist hat hy ek net de útstrieling. De kommunikaasje nei bûten ta is hiel belangryk en dêr moat hy echt noch stappen yn meitsje."
Wat komt der allegear op syn boardsje te lizzen?
"Bêst wol in soad. It belangrykste is wol dat er it operasjoneel tekoart werombringe moat. Dat is no hast 6 miljoen euro. Dat betsjut dat Hearrenfean elk jier 6 miljoen euro tekoartkomt en dus moat de klup elk jier spilers ferkeapje.
De omset moat omheech, der moat mear sponsorjild ophelle wurde en der moatte spilers mei in soad potinsje helle wurde, sadat dy wer djoerder ferkocht wurde kinne."
Ferry de Haan © sc Hearrenfean
Moat De Haan mear dwaan as sponsoaren en goede spilers binnenhelje?
"No, dat is wol in hiele belangrike. It sportpark Skoatterwâld is in grut dossier. Der lizze plannen om it trainingskompleks hielendal op te knappen. Noardlik fan it hjoeddeistige terrein moat in nij sportpark komme. Dat leit no by de gemeenteried fan Hearrenfean. As dy akkoart giet, moat der noch sa'n 8 oant 10 miljoen euro ophelle wurde om dat te bekostigjen. Dat hielendal sels betelje, is hast net te dwaan, tink ik."
En hoe sit it mei de hier?
"sc Hearrenfean betellet elk jier 2,4 miljoen euro oan hier oan Sportstad Hearrenfean. Mei enerzjy -en ûnderhâldskosten rint dat bedrach op oant 3,5 miljoen euro. Dat bliuwt in grut bedrach op in begrutting fan 18 miljoen euro. Roozemond hat dat noch altyd net oplost en dus komt dat no ek op it boardsje fan De Haan."
Komt der ek in opfolger foar Ferry de Haan as technysk manager?
"De Haan bliuwt ferantwurdlik foar it fuotbaltechnyske belied. De fraach oft der wer in technysk manager komt, is noch net beäntwurde."