Ferry de Haan is de nije algemien direkteur by sc Hearrenfean

Ferry de Haan © Orange Pictures
Ferry de Haan wurdt de nije algemien direkteur by sc Hearrenfean. De Haan folget Cees Roozemond op, dy't de klup nei fjouwer jier ferlit.
De namme fan Ferry de Haan waard al wiken neamd as de topkandidaat foar de funksje fan algemien direkteur, mar der wie gjinien dy't dat befêstigje woe.
De Haan is sûnt ferline seizoen ferantwurdlik foar it technysk belied by Hearrenfean. Hy makke yn 2021 de oerstap fan Excelsior, by dy klup wie De Haan earder kommersjeel manager en algemien direkteur.
"Ik vind het een grote eer om leiding te mogen geven aan deze fantastische club", seit De Haan yn reaksje op syn oanstelling. De klup stiet neffens De Haan de kommende tiid foar in tal grutte útdagingen.
"Zo willen we sportief en financieel verdere stappen vooruit maken, onze voetbalfaciliteiten verbeteren en hebben we de ambitie om met sc Heerenveen structureel in het linkerrijtje van de eredivisie te spelen. Ook zijn er een aantal belangrijke lopende dossiers met onder andere Sportpark Skoatterwâld en de stadionhuur", seit De Haan.

Ynwurkje

Roozemond sil De Haan de kommende tiid ynwurkje. "Nu is het moment daar om in rust en met respect voor elkaar het stokje over te dragen. Ferry is een bestuurder met expertise en ervaring in de voetbalwereld", seit Roozemond.
"Samen gaan we zorgen voor een goede overdracht zodat de club verder kan met de ingezette koers en ik hoop daarbij uiteraard dat we samen de komende maanden nog voor een mooie sportieve verrassing kunnen gaan zorgen."
Hearrenfean sil nei de promoasje fan Ferry de Haan op syk moatte nei in nije technysk manager.