Iepenbier ferfier-museum Ousterhaule bestiet 20 jier, mar takomst is ûnwis

De yngong fan it NOV-museum © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
It is in lyts, ûnbekend museum, mar bestiet yntusken alwer tweintich jier. It Nationaal Openbaar Vervoer Museum yn Ousterhaule krijt gasten út it hiele lân oer de flier om dat jubileum te fieren.
En hoewol't frijwilligers der alles oan dogge om it museum te ûnderhâlden, wurdt it hieltyd dreger om de holle boppe wetter te hâlden. Dat komt om't it museum syn jild fertsjinnet mei de ferhier fan âlde bussen foar feestjes, trouwerijen en rûnritten.

Alde disels

Mar, sa jout frijwilliger Wobbe Reitsma fan it museum oan, guon regels meitsje dat dreger: "Onze oude bussen zijn allemaal van die oude diesels. Steeds meer binnensteden weren dat soort voertuigen. Dan kunnen we alleen nog maar plaatselijk wat rondjes om de kerk rijden. Wat dan overblijft zijn de inkomsten uit donaties, daar houdt het snel mee op."
Frijwilliger Wobbe Reitsma fan it NOV-museum © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
It is net sa dat der yn it museum yn Ousterhaule allinnich mar âlde bussen te sjen binne. "Mensen denken wel eens dat wij alleen een busmuseum zijn, maar je kan hier ook heel veel dingen over trams, treinen en zelfs openbare veerdiensten vinden", jout Reitsma oan. "Echt alles wat met het openbaar vervoer te maken heeft."

NTM en FRAM

Bygelyks oer de NTM (Nederlandse Tramwacht Maatschappij) dy't aktyf wie op It Hearrenfean. Koffers fol mei buskaartsjes en stimpelautomaten oant strippekaarten oan ta. "We hebben heel veel gekregen van chauffeurs die na hun pensioen nog allerlei spul thuis hadden liggen."
In trommel dy't troch it FRAM-korps brûkt waard © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Achteryn it museum is in spesjale fitrine yntrjochte foar de Friese Autobus Maatschappij, better bekend as FRAM. Dat wie de opfolger fan de NTM. Under oare de maskotte fan de maatskippij en in borduerde sjerp binne te sjen.
In grutte trommel lûkt ekstra oandacht. "Deze is nog door het FRAM-korps gebruikt. De meneer die op de trommel sloeg heeft jarenlang bij het openbaar vervoer gewerkt. Hij vond dat wij deze in het museum moesten hebben."
Sa komt it museum wol oan mear guod, fertelt Reitsma. "We krijgen heel veel spullen van chauffeurs die gestopt zijn met hun werk en thuis nog spullen hebben liggen."
Hy hopet dat it museum, nettsjinsteande de útdagingen yn de takomst, noch jierren foarút kin. "We hebben in elk geval nu een prachtig jubileumfeest gehad. Veel mensen hebben zich goed vermaakt.