Wettersportseizoen feestlik iepene, Terherne hopet op in drok jier

Drokte by de iepening fan it wettersportseizoen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn Terherne is moandei it wettersportseizoen feestlik iepene mei in grut oantal aktiviteiten. Der binne mear doarpen dy't soks dogge, mar yn Terherne binne se der gewoanwei hiel betiid by.
Se sjogge dan ek optimistysk nei it kommende seizoen. "Ja, wij verwachten veel drukte", seit Axella van der Meulen fan de organisaasje fan de Iepening fan it wettersportseizoen. Neffens har docht it doarp in hiel soad om minsken te lûken.
Van der Meulen tinkt dat de weriepening fan it Kameleondoarp ek in soad yn betsjutte sil.
Yn Terherne ferwachtsje sy in drok wettersportseizoen
Mar dat is net alles. "Het dorp organiseert ook veel leuke evenementen en activiteiten waardoor wij verwachten dat het erg druk gaan worden hier in Terherne", sa leit Van der Meulen út. Wat dat oanbelanget kaam de drokte moandei al hiel aardich op gong. It lytse parkearterrein yn it doarp stie al gau fol.

Ek by min waar

Mei live muzyk, in kampioenskip fokhysjen, peaske-aaien sykje, in moadeshow, in bradery en noch in ferskaat oan oare aktiviteiten wie der ek wol wat te beleven. Fansels is in slagge wettersportseizoen ek hiel bot ôfhinklik fan it waar. It doarp fertroud der op dat it ek by min waar genôch te bieden hat.