Tradisjonele peaskefjoer yn Elslo wer oanstutsen: sa sjocht dat der út

Yn Elslo is it tradisjonele peaskefjoer snein wer oanstutsen troch nijjiersferiening Vesuvius. De bult is de ôfrûne wiken troch sa'n tritich leden opboud.
Foar de bult yn Elslo hat de gemeente Eaststellingwerf in fergunning ôfjûn yn ferbân mei de stikstofútstjit.
It tradisjonele peaskefjoer yn Elslo is sneintejûn oanstutsen
Minsken dy't gefoelich binne foar reek en luchtfersmoarging moatte goed oppasse, sa sei it RIVM earder. Fanwegen de swakke súdeastewyn kin de reek fan peaskefjurren op guon plakken yn ús provinsje lang hingjen bliuwe.
Neffens waarman Jan Jonkman sil de measte reeklucht yn de rin fan moandei wer oplosse. "Op twadde peaskedei is der al wer minder oerlêst. De wyn draait dan nei it suden ta, de reek dy't noch yn de loft sit wurdt dêrtroch mongen. De foarseine rein sil derfoar soargje dat de smoargens moandei wol út de loft wei is."