De skerpe kollums fan mysterieuze 'Peter' út Warkum binne bondele

Yn de sechstiger jierren ferskynt der yn de Friso, de lokale krante fan Warkum, alle wiken in kollum fan 'Peter'. Pas folle letter wurdt dúdlik wa't dy mysterieuze 'Peter' eins is: Willy Mundt, de heit fan Arie Mundt en Trees Croset.
Willy Mundt (1914-1975) is mei in Hongaarske mem en in Dútske heit 'ymport' yn Warkum, mar fielt him al gau ferbûn mei it stedsje. Sûnt 1964 skriuwt er alle wiken foar de lokale krante Friso in kollum. Dat docht er ûnder it pseudonym 'Peter'. Al gau docht bliken dat lang net elkenien it mei 'Peter' iens is.
Striepop
Yn de kollums skriuwt Willy Mundt oer Warkum. Dat docht er somtiden op in humoristyske wize, somtiden hiel serieus en beskôgjend, mar altyd mei in dúdlike miening en dat soarget sa no en dan foar wat opskuor.

Nijjiersmoarn 1965 sjogge tsjerkegongers fan de stêd frjemd op: der hinget in striepop oan in lantearnepeal. Op it boarst is in boerd befêstige dêr't 'Peter' op stiet. It docht hiel luguber oan en letter docht bliken dat Willy Mundt en syn frou it ferskriklik fine en djip rekke binne.
Pas folle letter wurdt dúdlik dat it Willy Mundt is dy't dy skerpe stikjes skriuwt. Sels syn frou en bern witte yn it earstoan neat fan syn skriuwerij.
Argyf
Pakesizzers Jet Mundt en Arie Croset ha der jierren letter nocht oan om saken fan har famylje út te plúzjen en sa bedarje se yn it gemeente-argyf fan Súdwest Fryslân. Dêr binne alle âlde Friso's werom te finen. Mei help fan in frijwilliger fan it argyf scanne se alle kollums dy't harren pake skreaun hat yn. Dat bondelje se en folje it oan mei in selsskreaune ynlieding dêr't se it libben fan Willy Mundt yn beskriuwe.
It einrisseltaat is in tsjok boek mei de titel "Langs de Wymert", en as ûndertitel "Workum door de ogen van Willy Mundt, alias Peter".
Harkje hjir nei de reportaazje oer Willy Mundt en it boek mei syn kollums
'Langs de Wymert' is ferline wike presintearre yn 'de Tiid' yn Boalsert, dêr't it gemeenteargyf festige is.
Mystearje oplost
By dy presintaasje is einlik bekend wurden wa't ferantwurdlik wiene foar de striepop mei de namme 'Peter' dy't yn 1965 ophongen wie. Ien fan de oanwêzigen wit te fertellen dat it in stik as trije opslûpte jonges wiene dy't dat by wize fan âldjiersgrap dien ha. Der soene gjin kweade bedoelingen by sitten hawwen.
Dochter Trees Croset en soan Arie Mundt binne ferromme mei dy meidieling en bliid dat dat mystearje nei sechstich jier einlik oplost is.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.