Plysje sjit twa ûntsnapte deimen ôf yn Froubuorren: "Dêr stean je dan hiel machteleas by"

De hûnebrigade fan de plysje hat sneon yn Froubuorren twa deimen (damherten) ôfsjitten. De bisten wiene ûntsnapt út in tydlik ferbliuw yn in tún, en sieten dêrnei yn in glêzen kas fierderop yn de buert.
"Wy waarden belle troch in man, dy hat dêr in kweekkas yn froubuorren en der sieten twa deimen yn syn kwekerij", seit Tiny Tichelaar fan de biste-ambulânse. "Dat is fansels gjin leuke situaasje, ûnfeilich sels want in deim dy't stress hat kin sa troch de ruten fleane."
De frijheid pakke
Se giet hurd te plak en by oankomst docht bliken dat de bisten al net mear yn de kas sitte. De deimen komme by in buorfrou wei, dy hâld de bisten op in stik hiem mei allinnich in sleat deromhinne. "En dêr kin jo sokke bistjes net hâlde, dy kinne swimme, dy kinne deroerhinne, dy pakke de frijheid, dat is ek logysk", sa seit Tichelaar. Wêr't de frou de bisten weihelle hat is net dúdlik.
De situaasje bliuwt yntusken ûnfeilich mei in fytspaad achter en in dyk foar it fjild. De plysje wurdt der dêrom byhelle.
Ferdôvje, fange, of delsjitte
Meiwurkers fan de biste-ambulânse stean al klear om de bisten nei in ferdôving fuort te bringen. Mar om 't de kosten foar ferdôving heech binne, en sa'n ferdôving risiko's meibringt, hawwe meiwurkers fan de hûnebrigade de bisten dochs ôfsjitte moatten, de eigener hat op sa'n momint de kar wat der mei de bisten bart.
Eigener Miriam Overman hat de dei hiel oars belibbe, sy hie it graach op in oare wize oplosse wollen, mar seit dat sy de tiid net krige om dêr goed oer nei te tinken. As sy wat mear tiid krigen hie en dus help regelje kinnen hie, hie sy de bisten it leafst fong. It beslút is troch de plysje dochs naam yn it ramt fan de ferkearsfeilichheid.
Machteleas
"Dat is in hiel lestich beslút want wy binne der fansels foar it behâlden en it rêden fan de bisten, dêr stean je dan hiel machteleas by", seit Tichelaar. As de frou de bisten hâlde moast, hie sy in grutte omheining fan wol 2 meter heech bouwe moatten.
Dêr hie sy neffens de biste-ambulânse de middelen net foar. It fangen fan de bisten hie net slagge, seit Tichelaar, dêr wiene in hiel soad mear minsken foar nedich. It ferdôvjen en ferpleatsen fûn de eigener te djoer, seit de biste-ambulânse. Ferdôvjen soe 300 euro per deim kostje. De bisten binne nei de Rendac yn Sumar brocht.