Fûgelsjochhutte yn Twizelermieden op 'e nij fernield

De fûgelsjochhutte fan de Twizelermieden is op 'e nij teistere troch fernielings. Twa wike lyn waarden de sjochlûkjes al fan it hokje ôflutsen. No binne ek planken fan it hokje sels en fan de rinbrêge loshelle en yn it wetter smiten.
In ynformaasjeboerd is losskroeve en ferdwûn, en ek de bankjes binne skansearre. "Unfoarstelber tryst dit" seit boskwachter Gjerryt Hoekstra op Twitter. Hy sprekt fan 'systematysk sloopwurk'.
Natuerfotograven meitsje graach gebrûk fan de hutte om bygelyks de wetterfûgels yn it gebiet op de foto te setten. Ferline jier waard it seldsum bûnt reidhintsje noch fêstlein fanút de hutte yn de Twizelermieden.