Cambuurferdigener Schmidt fiert jierdei: "Drie punten zou het hoofdcadeau moeten worden"

Doke Schmidt is freed 31 jier wurden, mar as it oan him leit, is dat net it hichtepunt fan de wike. Hy wol nammentlik folle leaver trije punten helje tsjin FC Twente.
Dat de situaasje fan SC Cambuur penibel is, mei dúdlik wêze. De klup út Ljouwert moat in ferskil fan acht punten goedmeitsje yn sân wedstriden. En dan geane je der ek noch fan út dat de konkurrinten gjin inkeld punt mear pakke yn de restearjende wedstriden.
Dochs hat de Fryske Schmidt der noch betrouwen yn. "Ik ben een nuchtere en reële jongen en als je er zo naar kijkt, dan is het nog niet klaar. Maar ik besef me ook wel dat het een lastige situatie is."
"We kunnen niet verder zakken"
De Fries dy't op It Hearrenfean berne is, wol him net gek meitsje litte troch de ranglist. "We beoefenen topsport en zo moet je er ook mee omgaan. Je moet professioneel zijn en je ding doen. Als er afspraken worden gemaakt, is het belangrijk dat je je daaraan houdt."
Degradearje kin grutte gefolgen hawwe. It is foar de spilers saak om harren hjir safolle mooglik foar ôf te sluten. Foar de ferdigener fan SC Cambuur is dit net dreech. "Je kunt het ook omdraaien. We kunnen niet meer verder zakken op de ranglijst, dus we moeten proberen om dat los te laten. Probeer die druk los te laten en speel de wedstrijd net zoals je vorig jaar deed toen we negende stonden."
Gjin panyk
Hy wol dus ek net te folle neitinke oer degradaasje en besiket dat gefoel oer te bringen op de rest fan de groep. "We kunnen hiervan in paniek raken en zeggen dat het afgelopen is, maar daar hebben we alleen onszelf maar mee. Ook naar de supporters toe kun je dat niet maken, vind ik. We moeten ons gedragen zoals we altijd doen, maar het moet kwalitatief nog zeker wel beter."
FC Twente-SC Cambuur begjint sneintemiddei om 12:15 oere. It is live te folgjen yn de radioprogramma's Buro de Vries en Snein yn Fryslân. It kommentaar út De Grolsch Veste wei komt fan Geert van Tuinen.
Snein spilet SC Cambuur de wedstriid tsjin FC Twente. Neffens Schmidt moat de ploech it fjild op gean mei de folle oertsjûging dat se dy wedstriid winne sille. "Je moet bezig zijn met deze wedstrijd en je taak zo goed mogelijk uitvoeren. We moeten focussen op het proces en niet op het doel. Als je alleen maar bezig bent met het doel, dan wordt de kans nog kleiner dat je dat doel gaat halen.