Van Wonderen hat útsjoch op de play-offs nei trije punten: "We zijn vechtend overeind gebleven"

© OrangePictures
Mei noch seis wedstriden te gean hat sc Hearrenfean in wichtige trije punten binnenhelle tsjin fc Volendam. Yn it Abe Lenstrastadion waard it juster 2-1, mei tank oan de makker fan beide doelpunten, Sydney van Hooijdonk. Dy hat noch kâns topscorer fan de eredivisie te wurden.
"Ja dat hoor ik nu veel om me heen en dat zal de komende dagen, weken niet minder worden", laket er. "Ik denk dat ik vandaag gewoon goed voetbalde en belangrijk was in de wedstrijd, daar is vaak kritiek op."
Sjoch hjir nei in gearfetting fan de wedstriid tsjin FC Volendam:
Net allinnich Van Hooijdonk, mar ek keeper Xavier Mous spile goed en krijt komplimenten fan de spits. "Niet alleen ik was vandaag belangrijk, Mous ook, die goede reddingen maakt, en misschien ook mindere wedstrijden heeft gehad, waar ook wel kritiek op was. Hij pakt dus ook punten voor ons, net als vorige week."
Sydney van Hooijdonk oer de topscorerposysje
Trainer van Wonderen seach fan de sydline ôf ek dat de rêdingen fan Mous wichtich wiene, de wedstriid wie mei in smelle marzje spannend en yn de twadde helte bytiden in gefjocht. " Ik denk dat Xavier ons een aantal keren goed op de been houdt, die hadden we ook nodig vandaag. We zijn vechtend overeind gebleven, dat was wenselijk."

Neffens it plan

De earste helte wie foar de trainer nofliker om nei te sjen. De ploech begûn oanfallend, hie de oerhân en dat wie neffens it plan dat hy foar eagen hie: "Ik denk dat we goed beginnen, we doen dat wat we beoogd hadden in ons plan, gevarieerd aanvallen. Maar je weet ook dat zij gevaarlijk zijn op schakelmomenten, dan krijgen we de 1-1 tegen. Dan hebben we het niet voor elkaar, valt ie er precies over", seit Van Wonderen.
Kees van Wonderen: "We zijn vechtend overeind gebleven"
De 2-1 falt noch yn de earste helte mar dêrnei krijt Hearrenfean it dreger, Volendam begjint ien tsjin ien te fuotbaljen en twingt Hearrenfean ta it spyljen fan de lange ballen. "Deze manier van spelen van Volendam is heel lastig te bespelen, ze zijn in staat om het tegenstanders heel moeilijk te maken, het is niet zo dat we even over Volendam heen lopen", seach de trainer.

"Afvinken en door"

"Overleven", neamt Van Hooijdonk de twadde helte yn earste ynstânsje sels, "Nou ja, het was de wedstrijd over de streep krijgen, het was vechten." Dat hie Van Wonderen al wol wat foarsein, "Ik keek eigenlijk al een beetje op tegen deze wedstrijd, ik wist dat het een taaie en moeilijke wedstrijd zou worden."
Mei útsjoch op de play-offs binne de hurd befochten trije punten ekstra wolkom, op dit stuit stiet Hearrenfean achtste en mei noch seis wedstriden te gean wolle sy besykje yn elts gefal dat plak te behâlden. "Met nog 6 wedstrijden te gaan doe je nog volop mee met de bovenste acht plekken, dat is natuurlijk wat je wil. In dat opzicht is het afvinken deze en door naar de volgende."