Hearrenfean makket ein oan minne thúsrige troch twa doelpunten fan Sydney van Hooijdonk

Nei fiif ferliespartijen op rige yn it Abe Lenstra Stadion hat sc Hearrenfean sneon lang om let wer ris in wedstriid yn eigen stadion wûn. Troch twa doelpunten fan Sydney van Hooijdonk wûn de ploech fan trainer Kees van Wonderen mei 2-1 fan FC Volendam.
Hearrenfean, dat spile mei deselde alve spilers as ôfrûne wike tsjin AZ (1-1), begûn goed oan de wedstriid. Al nei seis minuten wie it raak: Osame Sahraoui waard de djipte yn stjoerd en joech de bal perfekt foar op Van Hooijdonk. De spits makke syn tolfde treffer fan it seizoen: 1-0.
Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Van Ottele, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Van Amersfoort, Tahiri; Olsson, Van Hooijdonk en Sahraoui.
Yn de tolfde minút fan de wedstriid gienen de supporters fan Hearrenfean manmachtich stean. Sy kamen dêrmei yn aksje tsjin fandalen, dy't de lêste foar ûngeregeldheden soargje. Sa waard der ôfrûne wike fjoerwurk op it fjild smiten by de wedstriid tsjin AZ.
Sjoch hjir nei de gearfetting fan de wedstriid:
Volendam kaam yn de achttjinde minút op likense hichte. Henk Veerman, âld-spiler fan Hearrenfean, waard betsjinne troch Calvin Twigt. Ien op ien mei doelman Xavier Mous makke de spits gjin flater: 1-1.

Hearrenfean bleau nei de treffer de gefaarlikste ploech. Nei in goede foarset fan Mats Köhlert krige Van Hooijdonk de bal net foarby keeper Filip Stankovic. Benaissa Benamar foarkaam dat der in rebound folge foar Simon Olsson.
Oan de oare kant moast Hearrenfean wol om de flugge Volendammer counters tinke. Gaetano Oristanio berikte Veerman mei in moai stekpasske. Veerman kaam frij foar de goal en besocht it mei in stiftke, mar Mous hie no wol in antwurd.
Nochris Van Hooijdonk
Dêrnei wie it wer oan Hearrenfean. Anas Tahiri brocht mei in geweldige pass Milan van Ewijk yn stelling. De rjochtsback krige de bal by Van Hooijdonk, dy't gjin problemen hie om de bal fan tichteby yn de goal te sjitten.

It earste gefaar nei it skoft kaam fan Volendam. Veerman joech in djiptepass op Oristanio. De Italiaan helle út, mar Mous brocht rêding. Yn de rebound koe Oskar Buur krekt net by de bal. In pear minuten letter wie Oristanio wer gefaarlik. No einige syn skot tsjin de bûtenkant fan de peal.
Pas yn de 70e minút liet Hearrenfean oanfallend wer wat sjen. Nei in pass fan Sahraoui krige Pelle van Amersfoort, dy't syn hûndertste earedivyzjeduel spile, in sjitkâns. Doelman Stankovic koe de ynset fan de middenfjilder keare.
Volendammer slotoffinsyf
Volendam besocht yn de slotfaze de lykmakker te forsearjen en de ploech fan trainer Wim Jonk wie der ek in pear kear tichteby. Sa gie in omhaal fan Florent Sanchez Da Silva mar krekt oer de goal.
Efkes letter wie Mous belangryk doe't er in skot fan Xavier Mbuyamba út de goal wist te hâlden.
It Volendammer slotoffinsyf smiet dus gjin doelpunten op en oan de oare kant kaam Hearrenfean ek net mear ta skoaren, al wie Thom Haye der mei in frije traap noch wol tichteby.
Sa makket Hearrenfean in ein oan in minne rige, wêryn't fiif thúswedstriden (kompetysje en beker) ferlern waarden. Hearrenfean hat no 38 punten út 28 wedstriden. Dêrmei stiet de ploech foarearst achtste.