Susan van Weperen sil mar leafst 4300 kilometer rinne troch Amearika

Susan van Weperen fan Easterwâlde is in studinte mei ambysjes as hurdrinster. Ek fynt se kuierjen hiel leuk en dêrom sil se no de Pacific Crest Trail rinne. Dit is in tocht fan mar leafst 4300 kilometer en dit docht se allegear om wat werom te dwaan foar de natuer.
De Pacific Crest Trail is in kuiertocht dy't begjint yn Kalifornië, oan de grins fan Meksiko, en einiget krekt oer de grins yn Kanada. In lange en swiere tocht dêr't de measte minsken wol in pear moannen oer dogge.
Dochs seach Susan dit aventoer wol sitten. "Ik ben net afgestudeerd aan de universiteit van Wageningen en daarom heb ik nu zeeën van tijd. Ik dacht eraan om te gaan werken, maar ik wilde iets gaan doen wat ik normaal niet zou kunnen doen."
Beren
Foar it grutste part sil Susan allinnich te rinnen en dat kin bêst gefaarlik wêze. Har âlden wiene yn earste ynstânsje dan ek net entûsjast oer it idee. "Mijn vader stond er niet achter in het begin. Ik kan onderweg namelijk beren tegenkomen en als ik niet goed op de bordjes let kan ik weleens gaan verdwalen. Ze zijn bezorgd, maar ze kunnen me niet tegenhouden. Ze zien ook wel dat ik me goed heb voorbereid."
De 24-jierrige Susan van Weperen kaam dizze tocht op it spoar doe't se studearre yn Portland. Se hearde fan dizze kuierrûte en it die bliken dat se súnder dat sy it troch hie al en pear kear in stikje hjirfan rûn hie. "Toen is er een zaadje in mijn hoofd geplant en hoe langer ik erover nadacht hoe meer zin ik erin kreeg", seit Susan laitsjend.
Susan hopet binnen fjouwer oant fiif moannen de grins fan Kanada te berikken. Dat is in lange perioade en omdat se troch hiel de Feriene Steaten rint hat se te krijen mei ferskate waarsomstannichheden.
Iten nei dy sels ta stjoere
Dêrom sit se oan in strak skema fêst. "Je kan niet het hele jaar hieraan beginnen. Als je verder in het jaar begint, dan is het heel warm in het zuiden van Californië. En als je te vroeg begint dan krijg je last van de sneeuw in het noorden van Californië. Je moet ongeveer in april beginnen, zodat je hier weinig last van hebt."

Je soene sizze dat it allinnich draait om de kilometers dy't se ôfleit. Mar der komt mear by te sjen as allinnich it kuierjen. Susan van Weperen: "Je moet ook voedsel inslaan om dat vervolgens naar jezelf toe te sturen verder op de route. Dan moet je naar het dorp toe en dat ligt niet altijd op de route. Dan heb je minder tijd om te wandelen."
As se dit net dwaan soe, dan soe se soms dagen sûnder iten sitte.
Stilte
Omdat se sa lang ûnderweis is, moat der in soad klean en guod mei yn de tas. Dochs besiket se om sa min mooglik mei te nimmen, omdat dit fansels allinnich mar foar ekstra lêst soarget. "Je wil heel veel spullen zo licht mogelijk hebben", fertelt van Weperen. Der is mar in bytsje plak yn har tas en dus nimt se sels gjin toiletpapier mei.
Het gaat heel zwaar worden, maar als ik straks om me heen kijk naar de prachtige omgeving dan weet ik weer waar ik het allemaal voor doe
Alle dagen 35 oant 40 kilometer rinne en dat faak allinne. Fysyk sil it pittich wurde foar har, mar mentaal kin it somtiden ek wolris dreech wurde seit se. "Ik heb met mensen gesproken die deze tocht al eens gewandeld hebben en die zeiden dat je heel veel tijd hebt om na te denken. Je ziet een hele lange tijd je vrienden en familie niet. Maar voor de stilte moet je ook openstaan, want dan leer je jezelf ook veel beter kennen."
Dochs tinkt se net dat se har ferfele sil."Je ontmoet wel mensen onderweg die je kunt leren kennen. En op de momenten dat ik even afleiding wil, zet ik een podcast op of wat muziek uit een afspeellijst die mijn vrienden speciaal voor mij hebben gemaakt."
Foar de beammen
Ek it goede doel dêr't se it allegear foar docht, soarget foar de nedige motivaasje."Het gaat heel zwaar worden, maar als ik straks om me heen kijk naar de prachtige omgeving dan weet ik weer waar ik het allemaal voor doe."
Wêr 't se it foar docht is de organisaasje 'Trees for All'. Dizze organisaasje plantet foar in bepaald bedrach in oantal beammen. Susan hopet safolle mooglik jild op te heljen, sadat se fan dit bedrach in hiel bosk plantsje litte kin. Donearje kin fia dizze link.