Hurdegaryp hopet mei nije apparteminteblokken op trochstream en in moai plein

It hat fiif jier duorre, mar yn july begjint lang om let de bou fan twa appartemintekompleksen yn Hurdegaryp. Dy komme by it stasjonsplein te stean.
As nijbouplan hat it de namme 'Stasjon Hurdegaryp' krigen: yn totaal giet it om 32 apparteminten. 16 apparteminten wurde ferkocht en 16 apparteminten wurde ferhierd. "32 yn de ferkeap wie foar Hurdegaryp wat folle. No is der foar elts wat te krijen", seit direkteur Gerard van der Duim fan it boubedriuw Lont.
Se binne foar ferskate doelgroepen bedoeld, likegoed starters as âlderein kinne der gebrûk fan meitsje. Op dit stuit binne der al alve apparteminten ferkocht. Lykfliers, maklik yn ûnderhâld, in lift yn it gebou en in parkearplak en in terras of balkon: sa hoopje de inisjatyfnimmers gadingmakkers te finen.

Ferlet fan wenten

Doarpsbelang is der wiis mei, seit foarsitter Ronald Wierstra. "Wy hoopje dat der wat trochstream komt. Der is oeral ferlet fan huzen, dat is yn Hurdegaryp net oars. Mooglik kin dit in oplossing biede."
Sa moat it der aanst út komme te sjen © RTV NOF
Troch de oanlis fan de Sintrale As hat de âlde Ryksstrjitwei syn funksje as drokke trochgeande dyk ferlern. Auto's binne der no in stik minder, en dat makket it gebiet nofliker om te wenjen. De wenblokken moatte it plein in 'upgrade' jaan.

Al sûnt 2018

De plannen spylje al fiif jier, mar hiene te lijen fan de coronakrisis, de oarloch yn Oekraïne, de stikstofproblemen en lange oerlizzen oer de priis en oanlis. It hat lang duorre, mar no kin it heve.
It plan is ta stân kaam yn gearwurking mei Tytsjerksteradiel en Montagne Ontwikkeling. De bou moat yn july úteinsette.