FryslânDOK 'De Successor' (diel 2)

Etonnant © Thom Verheul
Wurdt Etonnant, yn it spoar fan syn heit Timoko, wrâldkampioen? Yn diel 2 fan de FryslânDOK 'De Successor', dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân, rint de spanning op.
FryslânDOK 'De Successor' (diel 2)
Sneon 8 april NPO2 15.30 oere (werhelling sneins 13.35 oere)
Snein 9 april Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele. Diel 1 is hjir te sjen.
De wedstriden dy't de draver rint yn Frankryk, binne net allegearre like suksesfol. Richard Westerink, de trainer, hopet dat Etonnant klear is foar it WK yn Stockholm.
De oanrin nei it WK is net perfekt, sa sjogge we yn diel 2 fan 'De Successor', by wedstriden yn Parys en oan de Côte d'Azur. Boppedat moat Etonnant op 'e nij nei de feedokter, want hy hat in abses yn 'e kiel. Trainer Richard Westerink docht der alles oan om it hynder yn oarder te meitsjen foar it WK yn Stockholm.
Richard Westerink mei it hynder Etonnant © Thom Verheul
Mar it hynder hjit net foar neat 'Etonnant', dat yn it Nederlânsk 'verbazingwekkend' betsjut. Yn de dokumintêre nimt filmregisseur Thom Verheul de sjogger mei nei it grutste draafsportevenemint fan Europa: 'Elitloppet' yn Stockholm, Sweden.
It publyk, út alle wynstreken, komt dêr spesjaal hinne om de bêste hynders, ruters en trainers fan de wrâld te sjen.
Elitloppet yn Stockholm - publyk draaft nei de tribune © Thom Verheul
Trainer Richard Westerink begûn syn karriêre op draafbaan fan Wolvegea. Yn Frankryk fûn hy it hynder Timoko, dat oerbleau nei in feiling. It waard ien fan de suksesfolste dravers oait.
Elitloppet - momint út de race © Thom Verheul
Yn de FryslânDOK 'De Successor' it spannende ferhaal fan Timoko syn soan: Etonnant. Filmmakker Thom Verheul folget trainer en hynder twa jier op 'e foet by de grutste draafwedstriden fan de wrâld.
Marthijs Roorda oer de Successor (diel 2)
Richard en Etonnant yn training © Thom Verheul