Supermerk yn Ljouwert swier skansearre troch útslaande brân

In útslaande brân hat west yn in supermerk yn Ljouwert. It giet om in winkel oan Lieuwenburg yn de wyk Camminghaburen. De brânwacht krige it fjoer gau ûnder kontrôle, mar yn de supermerk is in soad skea, meldt de brânwacht op Twitter.
Net ien rekke ferwûne. Troch de brân waarden santjin apparteminten boppe de supermerk ûntromme. Nei kontrôles en mjittings troch de brânwacht koene de bewenners wer werom nei harren wenningen.
It fjoer yn de winkel yn de wyk Camminghabuorren waard even foar 01.00 oere melden. Der wie in soad reekûntwikkeling en de brânwacht skaalde al gau op nei in grutte brân. Noch foar 02.00 oere wie it fjoer útmakke. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net dúdlik.
Sa gie it der fannacht oan ta, fertelle wurdfierder Priscilla Kok fan de brânwacht en bewenner Tinus van der Molen.
Supermerk yn Ljouwert swier skansearre troch útslaande brân