Troch in lûk krûpe om reeën frij te litten, dat wolle se net mear by De Fûgelpits

De Fûlgelpits yn Moddergat siket stipe om de opfangplak foar ferswakke reeën op te knappen. De hjoeddeiske situaasje soarget by de bisten foar te folle stress.
It is wat in keale keamer, oan de ein fan in hoekige gong. Ferswakke reeën en reekealtsjes wurde yn dy keamer opfongen om dêr op te betterjen. Mar by de Fûgelpits binne se net tefreden oer hoe't de keamer der no útsjocht. Reeën moatte no troch de gong nei bûten as se wer frijlitten wurde.
De frijheid opsykje
Mei ferskate oanpassings wurdt wurdt de situaasje better foar de reeën. "De flier wurdt oanpast, dêr moat in spesjale laach oerhinne foar de ûntlêsting en urine", seit Eelke Jan Wiersma fan De Fûgelpits, "Dan komme der rubberen matten oerhinne sadat de kjeld wat fuort is en de grûn wat strûfer is."
"Achteryn moat in stik fan de muorre derút, sadat der in lûk yn komme kin. Dan kinne de reeën sa nei bûten ta, dêr't in grutte loop komt. As se safier binne, kinne wy de doar iepen sette. Dan kinne se yn har eigen tempo sels de frijheid wer opsykje."
It frijlitten fan de reeën is in drege put:
Neffens Wiersma fine de reeën bûten folle mear rêst as binnen."Benammen as se opknappe, binne se der oan ta. Want oars komt de stress wer."
Stress
It is tige wichtich om dy stressfolle situaasjes foar te kommen. In ree kin troch stress bygelyks soer yn 'e mage krije. Dat soarget derfoar dat se net mear ite en dêrtroch krepearje se. Yn de natuer komt dat regelmjittich foar, omdat minsken harren hûn loslitte. Dy bisten jeie wolris reeën fuort. By de Fûgelpits kinne ferswakke reeën opknappe.
Wiersma: "Wy hiene koartlyn in reebok. Dy wie hielendal yn shock. Dan lykje se slim siik te wêzen, safolle stress hawwe se op dat stuit. As se opknappe, dan springe se by de muorren op. Se hawwe safolle lêst fan de stress, dat se der oan deagean kinne."

By de Fûgelpits wolle de frijwilligers dat yn alle gefallen foarkomme. Se dogge harren wurk yn it belang fan de bisten en dogge dat mei in soad passy. Dus is de hoop dat de oanpassings der yn it nije jier al binne.
De oanpassings binne lykwols djoer foar in organisaasje dy't ôfhinklik is fan frijwilligers. De offertes komme út op sa'n 15 tûzen euro. Fiiftûzen euro is al rûn. Wiersma: "Wy hoopje dat minsken ús stypje wolle, dat kin fia in donaasje of fia crowdfunding. It maklikste is fia ús webside. Minsken meie ús maile en belje, dan kinne wy it mei-inoar trochprate. Hooplik krije wy dy lêste tsientûzen euro sa byinoar."
No't de maaitiid deroan komt, spilet de fûgelgryp ek wer op: