Der wurdt al sûnt 1861 praat oer de Lelyline, mar boud wurdt der noch hieltyd net

De útstalling yn it Modelspoor Museum yn Snits © Omrop Fryslân
Oer de Lelyline wurdt al goed 160 jier praat, mar der is noch neat fan op 'e hispel kaam. Dat is de konklúzje fan it Nationaal Modelspoor Museum yn Snits. Demisjonêr deputearre Avine Fokkens mocht dêr in útstalling oer de Lelyline iepenje.
"Der wurdt al 160 jier oer debattearre, mar in knoop is der noch altyd net trochhakke", seit konservator Astrid Schots. "Ik hoopje dat it net nochris 160 jier duorret."
Fan 1861 oant no: prate oer de Lelylijn, mar net bouwe
Mei de útstalling wolle se yn it museum de histoarje sjen litte fan in spoarline dy't no yn de skynwerpers stiet. "We wolle de histoarje sjen litte, mar ek de takomst. Want hokker trein kin der ride?" Dêrfoar ha se in skaalmodel stean fan de Hyperloop. Dat is in magneetsweeftrein dy't mei hege faasje troch in fakuümbuis rydt.
Demisjonêr deputearre Avine Fokkens © Omrop Fryslân
De eare fan de iepeningshanneling wie foar demisjonêr deputearre Avine Fokkens. Sy wurdt wol beskôge as de mem fan it projekt. Se spruts de hoop út dat it nije kolleezje fan Deputearre Steaten de Lelyline omearmet: "We verdienen die lijn gewoon."
Dat docht ek bliken út de skiednis, sa seit Fokkens. "Het is een historische fout. Er had al een spoorlijn moeten lopen over de Afsluitdijk. Vervolgens had de Lelylijn er begin deze eeuw al moeten komen. Als ze het nu weer laten gaan, zou dat voor de derde keer zijn. Ik kan mij dat niet voorstellen dat ze dat voor de derde keer weer laten gebeuren."