Studearje mar Frysk: kampanje om mear studinten foar it Frysk te lûken

Anne Merkuur © De Fryske Marren
De ôfdielingen Frysk fan de universiteiten fan Grins en Amsterdam en hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert komme mei in nije langrinnende kampanje om mear studinten te lûken.
De trije ûnderwiisynstellings wolle mear gearwurkje om mear bekendheid te jaan oan de ferskate manieren wêrop't minsken Frysk studearje kinne yn Ljouwert, Grins en Amsterdam.
Neffens Anne Merkuur, as taalkundige ûnder oare ferbûn oan de Ryksuniversiteit Grins, hat de oanlieding foar de kampanje ûnder oare te krijen mei de fûle diskusje dy't ûntstie oer de opfolging fan heechlearaar Frysk Goffe Jensma. It like neffens Merkuur foar guon krekt as kin der hielendal gjin Frysk mear studearre wurde en dat is net sa.
Yn Grins is de stúdzje bygelyks in kombinaasje fan taal, polityk, skiednis en kultuer, yn Ljouwert kinst de learare-oplieding dwaan. Yn Amsterdam kinne studinten de minor Frysk kombinearje mei har eigen fakgebiet.
De kampanje rjochtet him op learlingen fan middelbere skoallen. De universiteiten en hegeskoalle wolle harren berikke mei berjochten op sosjale media, mar der wurde ek gastkolleezjes oanbean, bygelyks oer it Aldfrysk.