Sibrandabuorren stiet foar inketswart peaskewykein: "Sa'n ûnfoarstelber drama"

© ANP
Sibrandabuorren stiet foar in inketswart peaskewykein. Ferdield oer twa dagen fine der fjouwer útfearten plak fan de manlju dy't in wike lyn omkamen by it ferkearsdrama by Jirnsum.
In kuier troch Sibrandabuorren dizze wike snijt troch de siel. Oeral yn it doarp, ek op de tsjerke, hingje de flaggen healstôk. It binne benammen Fryske flaggen. By in inkeld hûs hinget de doarpsflage: twa reade banen en yn it midden in wite baan mei dêryn trije klaverkes.

Kondoleânse

Tongersdeitejûn wie der op trije lokaasjes yn it doarp de mooglikheid ta kondoleânsje. "It wie hiel drok yn it doarp, ik tink dat der wol tûzen man op ôfkaam is", seit foarsitter Hedser Bruinsma fan doarpsbelang Sibrandabuorren. "Dat docht wol wat mei je."
It wie sels sa drok, dat der yn en om it doarp gjin parkearplak mear te finen wie. "We hiene looprûtes útset en der wiene frijwilligers aktyf dy't it ferkear begelieden", leit Bruinsma út. "Dat waard ôfgryslik wurdearre en lit ek de saamhorigheid fan it doarp sjen."

Spandoek

Middenyn it doarp leit Kerbert's Brêge. It is in houten ophelbrêge oer de Sibrandabuorster Feart. It ryksmonumint út 1865 foarmet it dekôr foar in utering fan fertriet. Boppe de brêge hinget in yndrukwekkend spandoek. It wurdt omheech holden troch in grutte kraan. It giet om de kraan dêr't ien fan de slachtoffers mei wurke. Op de rupsbannen binne blommen dellein.
Op it spandoek steane de nammen fan de ferstoarne manlju: Oane Bos, Geert Tjalsma, Hilbrand Boschma en Sjouke Hoogland. Trije fan harren wennen yn Sibrandabuorren, de fjirde kaam der wei.
It doek is troch de freonegroep fan de manlju ophongen as earbetoan. Se kamen faak byinoar yn in keet yn Offenwier.
Giest it petear mei-inoar oan. Elkenien libbet mei de neibesteanden mei. It is echt in drama.
Hedser Bruinsma, foarsitter doarpsbelang Sibrandabuorren, oer de emoasjes yn it doarp
It doarp is ferslein, sa fernaam Hedser Bruinsma dizze wike. "Ik ha in pear kear in rûntsje troch it doarp makke de ôfrûne dagen. Sa no en dan komst oare minsken tsjin. Dan giest it petear mei-inoar oan. Elkenien libbet mei de neibesteanden mei. It is echt sa'n ûnfoarstelber drama."
Oft der noch in algemiene betinking foar de fjouwer manlju komt, is noch net dúdlik. Dat is oan de neibesteanden, lit doarpsbelang Sibrandabuorren witte. Wol wurdt minsken frege by twa útfearten op sneon, yn Sibrandabuorren en Offenwier, in earehaach te foarmjen.

Blommesee

It fertriet is net allinnich sichtber en fielber yn Sibrandabuorren. Ek yn de doarpen en buorskippen yn de omjouwing, lykas Tersoal, Raerd en Poppenwier, hingje tsientallen flagen healstôk. De ympakt op it gebiet is dêr goed oan ôf te lêzen.
Blommen op de plak fan it ûngelok © Omrop Fryslân
Wêr't it ûngelok barde, in flauwe bocht op de Rykswei tusken Reduzum en Jirnsum, is de beam dêr't de auto tsjinoan klapt is yntusken fuort. Op de dyk binne nei it ûngelok tsientallen giele markearings oanbracht troch de plysje.
Der leit yntusken in grutte bult blommen en kaartsjes, dy't dêr de ôfrûne dagen dellein binne. In flinter op in stokje komt yn it midden fan de blommesee nei boppen. De loft is griis en sa no en dan falt der in drip rein.