Dizze superbatterij moat de enerzjyrekken fan Thialf troch de helte dwaan

Yn de striid tsjin de hege enerzjyrekken wol iisstadion Thialf in nije stap sette. De 2,5 miljoen euro subsydzje fan it Ryk wurdt stutsen yn in enerzjyhub: in systeem dat al brûkt wurdt yn Noard-Hollân.
Efter de skuorre fan in bollebedriuw yn Moerbeek stiet in grutte seekontener. Soest der, op syk nei in djoere enerzjyhub, sa by del rinne. Mar as de doar iepen giet, komt der in fernuftich systeem fol kabels, stekkers en fentilatoaren tefoarskyn.
Ek is te sjen dat der grutte kabels fan de sinnepanielen op it dak, fia in rige oan omfoarmers, nei de seekontener ta rinne.
Grutte oplaadbere batterij
De kontener is eins in soart grut útfallen oplaadbere batterij, leit Jacob-Jan Vijn út. Hy is direkteur fan Enduso, dat de enerzjyhub oan Thialf leverje sil. "Bij Thialf komen twee van deze containers te staan. Dat komt omdat de energievraag daar groter is."
"Natuurlijk is het niet zomaar een kwestie van wat kabels aansluiten; je hebt ook met vergunningen te maken. Maar als we de situatie goed in kaart hebben, kunnen we vrij snel schakelen."
Dit is de enerzjyhub dy't Thialf ek graach oanskaffe wol
Ynterim-direkteur Minne Dolstra fan Thialf hat al ferskate kearen op it Noard-Hollânske bedriuw west om nei de wurking te sjen. "Ik ha wol in plak by Thialf yn 'e holle foar dizze konteners. Oan de achterkant, moai út it sicht", seit er. "Mar hast ek te krijen mei in gemeente en oare partijen, dus dat is noch efkes ôfwachtsjen."
Stroom ynkeapje en ferkeapje
Mei spesjale software, keppele oan de enerzjyhub, kin it systeem aanst automatysk stroom ynkeapje en opslaan wannear't de priis leech is. By in hege priis foar stroom kin it systeem just enerzjy werom leverje oan it net. Underoan de streep smyt dat in legere enerzjyrekken foar Thialf op.

"Wy hiene in fêst kontrakt", seit Dolstra. "As wy net oerstapt wiene nei in dynamysk kontrakt, wiene de enerzjykosten ôfrûne jier boppe de twa miljoen euro útkaam. Op in omset fan fjouwer miljoen giet dan it ljocht gewoan út."
Mar de kosten binne noch hieltyd te heech en dus is de enerzjyhub in útkomst, is de gedachte. "Foar de enerzjykrisis wie ús enerzjyrekken sa'n 800.000 euro. Mei dit systeem ferwachtsje wy út te kommen op 400.000 euro."
Dizze technyk kin ek hiel nijsgjirrich wêze foar bygelyks swimbaden.
Dy ferwachting is mei basearre op de enerzjyrekken fan it bollebedriuw yn Moerbeek. Dy is it ôfrûne jier mei de helte nei ûnder gien, seit Vijn. "Je ziet dat het hier haalbaar is. Misschien dat er voor Thialf zelfs nog wat meer in zit, maar exacte cijfers kan ik daar niet over geven. Dat moet de praktijk uitwijzen."
Swimbaden
By de subsydzje fan de minister is wol it betingst dat Thialf de ûnderfinings mei de enerzjyhub diele moat mei oare sportlokaasjes. "Wy hawwe as iisstadion in maatskiplike funksje. Dat sille wy dus ek grif dwaan", seit Dolstra dêroer.
Hy wiist dêrby op in grutte wettertank op it terrein njonken him. "Dizze bolleboer bygelyks hat in grutte tank mei wetter dy't hy mei enerzjy ferwaarmet. Dat kin hy brûke yn syn kassen. Sa kin dizze technyk ek hiel nijsgjirrich wêze foar bygelyks swimbaden."

Op it kantoar fan it bedriuw yn Noard-Hollân hinget in grut skerm mei de wrâld oan ynformaasje. Sa is de hiele tiid te sjen hoefolle enerzjy oft de sinnepanielen opsmite en oft de batterij oan it laden is of dat der just enerzjy werom levere wurdt oan it net.
Dolstra krijt aanst ek sa'n skerm op kantoar. "Daar kan hij dan vierentwintig uur per dag alles in de gaten houden", laket Vijn.