Skriezen ha noch folle mear te lijen fan in nij Portugeesk fleanfjild as tocht

Undersiker Josh Nightingale fan de University of East Anglia © Ericka Fierro
Tsien kear mear skriezen as tocht ha te lijen fan in noch te bouwen nij fleanfjild yn de mûning fan de rivier de Taach by Lissabon yn Portugal. Dat docht bliken út in nije stúdzje fan ûndersiker Josh Nightingale, fan de Ingelske University of East Anglia.
De Portugeeske oerheid seit dat minder as seis persint fan de skriezen aanst lêst hat fan it nij fleanfjild dat men oanlizze wol. Mar neffens it nije ûndersyk is dat 68 persint fan de skriezen.
It ûndersyk waad begelaat troch de Portugeeske ekolooch José Alves, dy't al langer mei dit dossier dwaande is.

Ferskil troch in oare mjitmetoade

Alves leit út hoe't sy ta sa'n grut ferskil komme: "Dat komt mei troch in nije wize wêrop't wy dit oanfleane, wêrby't wy de bewegingen fan de fûgels meinimme yn de riviermûning."
As je fûgels allinnich statysk op in oantal plakken telle, dan pakt dat oars út as wannear't je ek sjen litte kinne hoe geregeld oft dy fûgels harren ferpleatse. Yn stee fan ien momint yn ien gebiet, registrearje je dan hoe't de fûgels har bewege yn in netwurk fan ferskillende gebieten.
Troch dizze foarm fan ûndersyk wurdt dus realistysker sjoen nei hoe kwetsber oft de skries, de nasjonale fûgel fan Fryslân, eins is foar fersteuring troch fleantugen.

Fersteuring

De fersteuring troch it lûd fan fleantugen kin der bygelyks foar soargje dat fûgels fuortfleane. En dat kostet enerzjy, dy't se hurd nedich hawwe foar de fûgeltrek tusken de briedlokaasjes yn Fryslân en de plakken dêr't se oerwinterje.
Ekolooch José Alves © Verónica Méndez Aragón
De riviermûning dêr't it om giet is fan hiel grut belang foar skriezen. In part oerwintert der, mar in hiel soad fûgels brûke it ek om by te kommen fan de lange reis tusken briedgebieten en oare oerwinteringsgebieten yn bygelyks Maly.
Vogelbescherming Nederland hat earder in petysje opset tsjin de plannen yn wat eins in beskerme fûgelgebiet heart te wêzen en te bliuwen. De gefolgen fan de plannen kinne nochris ekstra hurd oankomme trochdat it mei alternative lokaasjes foar skriezen en oare trekfûgels no al hiel min giet.
Skriezen yn de delta fan de Taach © Verónica Méndez Aragón
Nasjonaal Park Doñana yn it suden fan Spanje is bygelyks sa goed as opdrûge, trochdat fruitboeren it wetter dêr yllegaal brûke foar ûnder oare de tylt fan ierdbeien.

Rjochtsaak

Sân Portugeeske miljeuorganisaasjes besykje mei stipe fan ynternasjonale miljeuorganisaasjes by de rjochter om de miljeufergunning foar it fleanfjild ûnderút te heljen.
"It giet allegearre net sa hurd en wy wachtsje noch op in beslút", seit Alves. De resultaten fan dit ûndersyk wurde no ek as bewiis ynbrocht.