The Passion ûnder paraplu's en ponsjo's: it peaskespektakel yn byld
Foar it earst yn jierren wie by it peaskespektakel The Passion wer publyk by de rûte. Dochs wie it waar no in spulbrekker, alteast foar de minsken dy't der live by wiene yn Harns. It terrein wie lang net fol, al hiene de echte folhâlders de paraplu's en ponsjo's mei.
Der hong in serene sfear by de krúsgong, dy't tongersdei begûn by de Tjerk Hiddesslûzen. "Ik vind het de moeite waard", sei in frou út Harns, nettsjinsteande it minne waar. "Je maakt het maar één keer mee, ik hoop alleen dat het wat droger wordt."
Ferslachjouwer Ronnie Porte rûn tusken it publyk yn Harns
Guon kamen der foar it spektakel, oaren foar it leauwen, de ferbining en de ienichheid. "It makket wol yndruk. Ik leau net, mar ik fyn it wol moai. Dêrom stean ik hjir ek."
Ferslachjouwer Lennard Geerts makke ûndersteande foto's: