Twa stropers fan guozze-aaien trappearre yn in boatsje by Terherne

Sa lei de boel der by oan de wâlskant © Toezicht te water
De plysje hat twa manlju yn in boatsje by Terherne oppakt fanwege it stropen fan guozze-aaien. It giet om in 69-jierrige man fan De Fryske Marren en in 71-jierrige man fan Lelystêd.
Meardere guozzenêsten wiene folslein fernield troch de manlju. Sy waarden op 'e died betrape troch de FUMO en de noardlike ienheid fan it tafersjoch op it wetter, in ûnderdiel fan de plysje. De stropers stiet in flinke boete te wachtsjen, jout de plysje oan.
De aksje is neffens de plysje in moai resultaat fan de 'Toezichtkring Natuurhandhaving', in gearwurking tusken ferskate ynstânsjes en organisaasjes op it mêd fan griene hanthavening yn Fryslân.