Lange file en twa ûngelokken op A7 by Boalsert troch steuring yn brêge

De skansearre auto's © CAMJO media
Troch in steuring yn de Krúswetterbrêge by Boalsert stie it ferkear op de A7 tongersdei in hiel skoft stil. Troch de file ûntstiene der ek ûngelokken.
It earste ûngelok barde om 16.45 oere hinne by in tankstasjon. Ien auto botste efter op in oare auto. Dat barde ek krekt wat fierderop, by de ôfslach Nijlân. By beide ûngelokken rekken minsken ferwûne, sy binne mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Ek is der in traumahelikopter ynset.
De hiele A7 tusken Snits en Boalsert is ticht west. Yn de omlizzende doarpen wie der dêrtroch in soad drokte.
De brêge wie earst yn beide rjochtingen yn steuring, wêrtroch't der oan beide kanten in lange file stie. Monteurs binne nei it plak riden om de problemen te ferhelpen. Tiisdei wie dêr ek al in steuring.