Lemster soarchbuorkerij helpt skoalbern dy't fêstrûn binne yn it systeem

Skoalbern oan it wurk op soarchbuorkerij Marlestate op De Lemmer © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
It tal skoalbern dat fêstrint yn it systeem en dat thús komt te sitten nimt hieltyd fierder ta. Inisjativen lykas soarchbuorkerij Marlestate op De Lemmer besykje dizze bern dochs in plakje te jaan.
It wiene ferline jier yn hiel Nederlân 20.000 bern, en dat binne der leafst 5.000 mear as it jier dêrfoar. Sûnt de Wet passend ûnderwiis ynfierd is yn 2014 hawwe it der noch nea safolle west.
Yn ien fan de stâlen fan de soarchbuorkerij binne ferskate jongelju drok dwaande. De kealtsjes krije farsk wetter, de flier wurdt skjinmakke en efkes fierderop is der fretten foar de kij.
Eigener Jacoba van der Werf, dy't sels út it ûnderwiis komt, sjocht fan in lytse ôfstân tefreden ta. "Sem komt hjir moarns om 07.00 oere al. Dat seit dat dit by him past."

Struktuer

Op Marlestate krije bern dy't net mear meikomme op in reguliere skoalle, dochs in programma mei struktuer oanbean. Se fiere wurksumheden út, de kij iten jaan bygelyks, mar der is ek romte foar ûnderwiis. Dat bart allegearre ûnder lieding fan in kwalifisearre dosint.
De 15-jierrige Sem kaam thús te sitten doe't it op skoalle net mear gie
"Dy dúdlikens is wol hiel wichtich. Mar ek de oandacht fan dy as begelieder, in harkjend ear wêze foar se", leit Van der Werf út. "Dat se kwyt kinne wat der thús spilet bygelyks, mar ek de leuke dingen dy't der barre. Dat se der wêze meie en dat wy se sjogge. Want dat fertsjinje se."

'Tefolle prikkels op skoalle'

Ien fan harren is de 15-jierrige Sem út Warkum. "Op skoalle wiene der foar my tefolle prikkels. Dêrtroch gie it hast net mear. Dêrnei wie der ek noch in ynsidint om it sa mar te sizzen en úteinlik bin ik fan skoalle gien."
Sem is no trije dagen yn 'e wike op Marlestate. Hy fersoarget dêr mei oare jongerein de kealtsjes. Ek sit hy noch trije dagen by Corriente, in deibesteging yn Koudum. Dêr leart er hout bewurkjen.
Sem oan it wurk op soarchbuorkerij Marlestate © Omrop Fryslân
"Sem kaam mei syn mem by ús. Hy siet thús, mar dat woe hy net mear", wit Marieke Hornstra fan Corriente noch. "Dêrom ha we foar him in passende deibesteging fûn. Mar hy moast fansels ek noch ûnderwiis krije. Dat hat Jacoba oppakt hjir op Marlestate. Sa ha we de gearwurking mei inoar fûn, en foar Sem betsjut dat dat syn wike folle is mei struktuer."

Mear gearwurkje

Dy gearwurking tusken ferskate partijen, dêr moatte we folle mear nei sjen as mienskip, seit Jacoba van der Werf.
"Somtiden giet jongerein fan ús nei in jier dochs wer werom nei skoalle. Dat bard dan mei begelieding fan ús. Dat wol ik elkenien sa graach meijaan, sykje de gearwurking. Skoallen, soarchynstellings. We moatte it tegearre dwaan foar dizze bern."
Drokte op 'e pleats © Omrop Fryslân
Sem hat yntusken syn libben, nei in pear jier begelieding fan Marieke en Jacoba, aardich op 'e rit. Hy docht dit jier eksamens, en hat him ynskreaun foar in mbû-oplieding. "Ik wol de houtbewurking yn. Sûnder dit trajekt wie ik net safier kaam. Ik bin wol grutsk op mysels dat ik dit berikt ha."