Hearrenfean wol ûnderhâld De Heide earder, sa't it gebiet yn ien kear oanpakt wurdt

De Heide op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It kolleezje fan Hearrenfean stelt foar om grut ûnderhâld fan De Heide te keppeljen oan de 'upgrade' fan it rekreaaksjegebiet. Oars soe it ûnderhâld pas nei 2027 barre.
De gemeenteried stimt ein maaie oer it foarstel fan boargemaster en wethâlders. It giet om in ynvestearring yn it parkearterrein, it better tagonlik meitsjen fan de paden en it grienûnderhâld.
De Heide wurdt sawiesa oanpakt, dêrfoar is de gemeente al jierren dwaande. Ferline jier hawwe brûkers fan it gebiet stimd oer in konsept foar de ynfolling fan it gebiet. Moatte der bygelyks picknicktafels komme, of sportmooglikheden? Uteinlik is it konsept 'Lazy Nature' der út kaam.

Hoareka en hûnen

Der wurdt noch in ûndersyk dien nei oft it winsklik is dat der hoareka komt by it gebiet op It Hearrenfean. Dêr moat de gemeenteried letter ek noch oer beslisse.
Op it sânstrân meie aanst gjin hûnen mear komme, want de bedoeling is dat der aanst op fjouwer plakken eigen swimplakken foar hûnen komme. Dy binne skieden fan de swimplakken foar minsken.
Foar ferbettering is 200.00 euro beskikber, mei mooglik makke troch de Regio Deal Zuidoost Friesland. It wurk oan De Heide set nei de simmer útein.