Aaien lykje wol fan goud: dat fernimt de konsumint, mar ek de sektor

Hjir moat eltsenien flink mear foar betelje © Omrop Fryslân
In heal aai is better as in lege dop, seit men. Mar aaien wurde de lêste tiid djoerder en djoerder. Dat fernimme net allinne konsuminten, mar ek Fryske ûndernimmers yn de aai- en plomfeebrânsj.
Gewoanwei fleane aaien de doar út, no't de peaskedagen kommendeweis binne. Mar dit jier kin dat wolris oars wêze, want minsken moatte flink mear ta de bûse.
Aaien binne mar wat djoer wurden en dat fernimme wy ek yn Fryslân
Aaien hawwe noch nea sa djoer west as no. Neffens it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) wiene aaien yn Nederlân ôfrûne febrewaris yn trochsneed 26,5 prosint djoerder as yn febrewaris ferline jier.
It is in probleem dat oer de hiele wrâld spilet: yn de Feriene Steaten binne aaien sels dûbeld sa djoer wurden. Konsuminten betelje dêr 55 persint mear foar de aaien.
It is kostber guod wurden, sa stadichoan © Omrop Fryslân, Esther Leystra
De oarsaak fan de hege prizen is twaliddich. Oan 'e iene kant soarget de oarloch yn Oekraïne foar djoerder hinnefretten en dus ek djoerdere aaien. Oan de oare kant is it oanbod fan aaien ek nochris lytser troch de fûgelgryp.

Hegere ynkeapprizen

Rolf Stuiver, direkteur fan Frisian Egg yn Drachten, in bedriuw dêr 't se aaien ferwurkje ta in oar einprodukt, sjocht dizze tanimming yn priis ek. "Dêr't wy gewoanwei de aaien keapje foar 10 sint it stik, sit it no op 16 oant 17 sint it stik. Dus dat is echt in flinke ferheging yn ferliking mei eardere jierren."
De aaibrânsj hat bot te lijen fan it djoere hinnefretten en de fûgelgryp. "En as konsumint fernimme je dat yn de supermerk, want it wurdt trochberekkene yn de priis dy't de klanten betelje."
Biologysk plomfeehâlder Pieter Sijbesma fan Tsjom © Omrop Fryslân, Esther Leystra
Nettsjinsteande alle tanommen prizen yn de sektor kin biologysk plomfeehâlder Pieter Sijbesma fan Tsjom de prizen fan syn aaien noch itselde hâlde.

Sels it heft yn hannen nimme

Sijbesma: "Dat kin troch it feit dat wy de aaien sels oppakke, sels ferpakke en sels fuortbringe. Dat betsjut dat der in hiele skeakel tusken wei is. Hiene wy no by in pakstasjon sitten, dan hiene wy ek lêst hân fan djoerder hinnefretten en de fûgelgryp. Mar om't wy alles sels dogge, hawwe wy in hiel soad ellinde út hannen naam."