Supporters Cambuur net wolkom by útwedstriid tsijn Volendam

Supporters fan SC Cambuur yn Rotterdam © Orange Pictures
De supporters fan SC Cambuur binne net wolkom by de útwedstriid tsjin FC Volendam op 21 april. Dat is besletten nei oerlis tusken it Iepenbier Ministearje, de plysje en de gemeente Edam-Volendam.
De wichtichste reden is neffens de gemeente dat der gjin plysjebegelieding meigiet mei de Ljouwerter supporters. De plysje wol dat net mear om't de supporters fan Cambuur harren te faak misdroegen hawwe soenen.
Boargemaster Lieke Sievers lit witte dat it net ûntfangen fan de Cambuursupporters in úterste maatregel is. "Uiteindelijk willen we niets liever dan veilig en gastvrij voetbal in Volendam. En dat iedereen de wedstrijden kan bezoeken. Daar staan we met elkaar voor. Het is en blijft ons uitgangspunt", seit Sievers. "Maar dit staat helaas behoorlijk onder druk en kan alleen gerealiseerd worden als niemand excessen pleegt of toestaat en iedereen verantwoordelijkheid neemt om wangedrag aan te pakken."
Yn maart wienen de supporters van Cambuur ek net wolkom yn Eindhoven foar de útwedstriid tsjin PSV. De boargemaster fan Rotterdam doarde it letter dy moanne wol oan foar de wedstriid tsjin Excelsior Rotterdam.