Hieltyd mear kwalitatyf goed amateurteäter yn Fryslân; rekôr oan iepenloftspullen

Yn Fryslân wurdt mear en mear amateurteäter makke én de kwaliteit is de lêste jierren flink omheechgien. Dat komt ûnder oare om't der mear gearwurke wurdt mei professionals.
Ferline jier wiene der mar leafst 17 iepenloftspullen, safolle wiene it der de lêste 10 jier net. Job de Roo die de rezjy fan 'Peer Gynt', it stik wûn de Gouden Gurbe, de priis foar bêste iepenloftspul. Neffens him is net allinnich it tal stikken tanommen, mar ek it nivo. Belutsenen nimme it folle serieuzer.
Heftige ferhalen
"Voorheen was het van: we komen lekker bij elkaar op woensdagavond en dan maken we wel iets. Nu is het meer van: we gaan écht een voorstelling maken, er komt publiek, we gaan kaartjes kopen en er wordt gerecenseerd. Dit heeft veel meer de overhand gekregen."
Dat jout neffens him ek romte om mear te dwaan. "Je ziet het terug in bijvoorbeeld de verhaallijnen. Als je ziet wat er vorig jaar is gespeeld: best heftige iepenloftspullen met heftige verhalen."
Nivo fan amateurteäter is heger wurden
Resinsint en âld-teäterdosint Gooitsen Eenling stimt hjirmei yn. "Minsken sjogge nei elkoar, mar se wurde ek begelaat troch regisseurs en minsken dy't les hân hawwe of minsken dy't ideeën opdien hawwe."
Eksperimint
Hy sjocht dit as in goede ûntwikkeling. "Kinst noait genôch leare of ûndersykje hoe't dinge oars kinne. Sa krijst moaie nije eksperimintele dingen."
Eenling hellet as foarbyld it iepenloftspul fan Jorwert oan dat foarich jier 'Jacht' spile. "De lêste jierren sakke Jorwert wat fuort, mar no hiene se wer in prachtich iepenloftspul dat ek hiel relevant wie. It gie oer hoe't it roddeljen oer oare minsken freeslik ôfrinne kin."

Job de Roo docht op it stuit de rezjy fan it stik 'Kibboets op de klei' dat hy spilet mei amateurs. Hy sjocht it as syn taak om it op in sa heech mooglik nivo te krijen.
"Mensen vinden het heel leuk om te spelen en willen heel graag, maar ze doen het hobbymatig. Het is niet hun werk en ze krijgen er niet voor betaald. Als ze het publiek kunnen ontroeren of aan het lachen kunnen maken, is het voor hen veel interessanter en leuker om in het vervolg weer mee te doen."
Kâns
Noor Tjoelker spilet as amateur mei yn it stik en is hiel bliid mei dizze kâns. "Ik vind het heel spannend en ook heel leuk dat ik ben gevraagd door Job. Ik krijg hier heel veel ervaring door en leer er veel van."
Ik denk dat er geen enkel publiek zo trouw is als iepenloftpubliek, zelfs in wind, weer en regen.
Fierder sjocht De Roo dat ek it publyk mar kommen bliuwt. "Ik denk dat er geen enkel publiek zo trouw is als het iepenloftpubliek, zelfs in wind, weer en regen. Ik heb weleens een voorstelling gedraaid waarbij het met bakken uit de lucht kwam en dat ik het wilde cancelen, maar iedereen bleef in de stromende regen zitten. Dat hoef je niet in een andere provincie te proberen, dat weet ik zeker: het publiek staat op."

Harkje nei de reportaazje
Fjouwerdielige rige oer Fryske teäterwrâld
Tëater sit de Friezen yn it bloed. It nivo fan de amateurs, lykas de iepenloftspullen, is troch de jierren hinne heger wurden. Ek wurdt, neist Tryater, mear profesjoneel wurk makke yn Fryslân troch bygelyks Pier21. Jonge makkers sjogge Fryslân mear en mear as plak dêr't se harren ûntwikkelje kinne, hjir spilet Tryater in belangrike rol yn.
Omrop Fryslân stiet yn in fjouwerdielige rige stil by de ûntwikkelingen yn de Fryske teäterwrâld: op tongersdei fan 30 maart oant en mei tongersdei 20 april. Mei ferhalen online, op telefyzje yn Fryslân Hjoed en yn it radioprogramma No yn Fryslân. Lês hjir diel 1.