20 miljoen foar plan om sintrum Wolvegea op te knappen

Merk yn Wolvegea © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It sintrum fan Wolvegea giet hielendal op de skeppe. De winkelstrjitte wurdt folslein fernijd. Boppedat komt der in grut park yn it hert fan it doarp. De gemeente Weststellingwerf wol 20 miljoen euro ynvestearje yn de plannen.
Neffens de gemeente hat it sintrum fan Wolvegea no de útstrieling fan de jierren tachtich. "Het moet weer bruisen", seit wethâlder Roelof Theun Hoen. "Het winkellandschap is de laatste twintig jaar behoorlijk veranderd. Het is niet meer alleen een plek om te kopen, maar ook om te beleven."
It sintrum fan Wolvegea © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
En dus krijt Wolvegea yn it sintrum in park foar jong en âld. Dêrtroch sille guon winkels ferdwine of ferhúzje moatte. Om it park hinne wurde de âlde gebouwen ferfongen troch nije apparteminten. Foar de bewenners mar ek foar de besikers fan de winkels wurde twa parkeargaraazjes boud.
Wolvegea © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De plannen sille de kommende sân jier útfierd wurde. Earst wurdt de winkelstrjitte oanpakt. Nei de simmer sil begûn wurde mei de oanlis fan kabels en liedingen. Begjin folgjend jier giet de Haadstrjitte der folslein út. "Dat betekent de hele verharding eruit en een nieuwe straat erin. Er komen nieuwe bankjes en nieuwe verlichting", seit Hoen.
Yn it sintrum fan Wolvegea meie auto's komme en dat bliuwt ek sa, op fersyk fan de measte winkellju. Se binne wiis mei de plannen. "We hawwe hjir lang op wachtsje moatten. Wolvegea moat modern wurde, sa't it heart", seit slachter Marten Hoeksma út namme fan de winkellju,
Se hâlde rekken mei oerlêst mar se besykje de winkels wol sa lang mooglik iepen te hâlden, seit Hoeksma.