GrienLinks mist ynhâld by formaasje: "Doe de verkenning nog maar een keer over"

Charda Kuipers (GrienLinks) © Hoge Noorden / Jacob van Essen
It is moai dat der fjouwer partijen binne dy't mei-inoar Fryslân bestjoere wolle, mar we hawwe noch gjin idee wat dy partijen krekt fan doel binne. Dat sei GrienLinks-fraksjefoarsitter Charda Kuipers by it formaasjedebat yn Provinsjale Steaten.
Kuipers freget har ek ôf oft de griene ambysjes fan de Partij van de Arbeid wol oerein bliuwe kinne yn nij te foarmjen kolleezje mei BoerBurgerBeweging, CDA en ChristenUnie. Se fynt it heech tiid dat it by de provinsje wer oer de ynhâld en de útdagings giet, want dat hat sy by de ferkenningsronde bot mist. "Doe de verkenning nog maar een keer over, maar dan gericht op de inhoud", stelde Kuipers woansdei foar.
Fraksjefoarsitter Edou Hamstra fan de PvdA krige woansdei by it formaasjedebat in soad krityske fragen fan ûnder oare fan FNP, GrienLinks, Partij voor de Dieren en de SP oer de takomstige gearwurking mei de BBB. Al dy partijen freegje harren ôf oft de partijprogramma's fan BBB en de Partij van de Arbeid wol te ferienigjen binne.
It docht de FNP en de VVD sear dat se bûten de boat fallen binne by de formaasje
VVD-fraksjefoarsitter Avine Fokkens keas yn har krityk foar de juridyske benadering: de BBB wol - as it om stikstof giet - neat wite fan it ûnteigenjen fan boeren en ek net foar it jier 2030 foar de stikstofreduksje, ek net as dat yn de wet stiet. Fokkens sei dat dat net kin, want as legere oerheid moat de provinsje him yn prinsipe altyd oan de wet hâlde.
Hamstra sei yn har reaksje dat se it krekt goed fynt om te besykjen om problemen 'fan ûnderen op' oan te fleanen. "De wet is foar ús fansels it útgongspunt, mar as in oare benadering better wurket as de juridyske, dan steane we dêr iepen foar. Ik tink dat we der as oerheid foaral foar wêze moatte om problemen op te lossen, dat is myn ynterpretaasje fan de ferkiezingsútslach."
Edou Hamstra (PvdA) © Hoge Noorden / Jacob van Essen
De sittende kolleezjepartijen FNP en VVD stiene yn harren ferhaal beide stil by it feit dat se by de formaasje fan it nije kolleezje bûten de boat fallen binne. "Ik hie freed gjin moaie dei", sei FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol dêroer. Mar hy wol foaral net te lang yn it rouproses hingjen bliuwe. "Wy binne hjir net op ús eigen begraffenis. Wy bliuwe striidber en ek foar de opposysje jildt: wy rêde dermei. Foar ús jildt: leaver mei in rjochte rêch oer strjitte, as mei in krûme bealch op it pluche'.
Ek Fokkens fûn freed 'geen leuke dag'. "Wij zagen het niet aankomen. Ik had eigenlijk verwacht dat de BBB de bestuurservaring zwaarder mee zou laten wegen. Maar het mag helaas niet zo zijn."

'Lobbyen Lelyline moat trochgean'

Se hie noch wol in boadskip foar it nije kolleezje. Har opfolger moat foaral trochgean mei it lobbyen foar de Lelyline yn Den Haag en Brussel, want de ambysje foar de flugge trein fan Lelystêd oer Drachten nei Grins hat neffens har 'continu aandacht nodig'. "We zijn de afgelopen jaren een heel eind gekomen, dat moeten we vasthouden."
Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen sil no as formateur fan it nije kolleezje de fjouwer ûnderhanneljende partijen begeliede. Yn de Steaten waard woansdei ôfpraat dat de partijen alle oare partijen hiel geregeld ynformearje sille oer de foarderings.
Boppedat wurde alle partijen yn de Steaten mei klam útnûge om in bydrage te leverjen oan it nije bestjoersakkoart. Ek net-koälysjepartijen kinne dus ideeën en winsken ynleverje by de formateur.