Nei The Passion ta yn Harns? Dit moatst witte

The Passion yn Harns © Omrop Fryslan
Tongersdei is it safier, út Harns wei wurdt live it jierlikse evenemint The Passion útstjoerd. Sa'n 5.000 besikers wurde ferwachte op de lokaasje. Handich is it dus om goed taret te wêzen. Dêrom hjir alle ynformaasje op in rychje.
Foar de earste kear nei twa jier mei der wer publyk oanwêzich wêze by The Passion. De tagong is fergees, oanmelde is net nedich. Boargemaster Ina Sjerps hat al witte litten dat it gjin "hoogrisico-evenement" is en dat elkenien wolkom is.
© Omrop Fryslân
De rûte dy't de akteurs en it krús ôflizze, wurdt út feiligensoerwagingen net bekend makke. De organisaasje riedt besikers oan nei de Nieuwe Willemshaven te gean, dat is it eveneminteterrein. Dêr stiet it poadium en einiget de rûte ek.

Trije Friezen yn de cast

Trije Fryske akteurs spylje in wichtige rol yn de foarstelling. De yn Ljouwert opgroeide Bertrie Wierenga fertolkt Maria Magdalena, Dragan Bakema út Easterwâlde stapt yn de rol fan Pontius Pilatus en de yn Frjentsjer berne Boaz Roelevink spilet in dissipel.
Boaz Roelevink, Dragan Bakema en Bertrie Wierenga © Satellite June / Sander Mulkens / Remco Modderkolk
Foar sjonger Roelevink (21) is it sels in thúswedstriid. Nei tsien jier yn Súd-Afrika trochbrocht te hawwen, wennet er no yn Harns. De organisaasje hat mei opsetsin sjoen nei de plakken dêr't de akteurs weikomme.
"Dat hij uit Harlingen komt speelde zeker mee in het besluit", seit Lisa Fluttert út namme fan KRO-NCRV. "We vinden het altijd wel leuk om erover na te denken om acteurs uit de omgeving te casten. Daarnaast is Boaz natuurlijk ook een heel mooie zanger."
Fan links nei rjochts: Buddy Vedder (Judas), Bertrie Wierenga (Maria Magdalena), Ferdi Stofmeel (Petrus), Sinan Eroglu (Jezus), Marlijn Weerdenburg (Maria), Dragan Bakema (Pilatus), Anita Witzier (ferslachjouwer), Thomas van Luyn (ferteller) © Sander Mulkens
Oftst no mei de auto, de trein of de fyts komst, de organisaasje drukt besikers op it hert om benammen op tiid te kommen. It terrein hat plak foar 5.000 minsken en fol is fol. Yn 2017 wie The Passion yn Ljouwert en kamen der ûngefear 16.000 besikers. Omdat Harns lytser is, sille dizze kear folle minder minsken it spektakel live meimeitsje kinne. It terrein is iepen fan 18.30 oere ôf.
Mochtst mei de auto komme wolle, dan ropt de organisaasje op de auto del te setten op ien fan de fergeze parkearplakken by de Westerseedyk. Minderfaliden kinne terjochte op it terrein tsjinoer de Aldi. Fan alle parkearplakken ôf is it eveneminteterrein op rinôfstân.
© Omrop Fryslân
Besikers dy't leaver de trein pakke, kinne it bêst útstappe op stasjon Harlingen Haven. Busreizgers stappe út op station Harlingen en kinne dan 5 oant 10 minuten rinne of it lêste stikje de trein pakke. De besikers op de fyts kinne it tichtst by it eveneminteterrein by de Nieuwe Willemshaven komme.

Himelfeartedysje

The Passion hat dit jier foar de twadde kear in himelfeartedysje. Foar it earst is dat net yn de stêd dêr't de 'Peaskepassion' ek is, mar yn Boalsert en Snits. Dat wurdt útstjoerd op 18 maaie op NPO 1. Dat is lykwols gjin live útstjoering, wêrtroch't der yn dy gefallen gjin publyk by wêze kin.
Wannear't de opnamen yn Boalsert en Snits binne, bliuwt noch efkes geheim, jout de organisaasje oan.