Garnalefiskers meie fan minister foarearst trochfiskje sûnder fergunning

Minister Christianne van der Wal foar Natuer en Stikstof wiist it hanthaveningsfersyk fan fyftjin natuerorganisaasjes tsjin it gedogen fan de garnalenfiskerij yn Nederlân ôf.
De hast twahûndert Nederlânske fiskers fiskje no sûnder fergunning. Dat komt mei trochdat harren skippen noch net oan de stikstofeasken foldogge en de besteande natuerwetfergunning ein ferline jier ôfrûn.
Skjinnere motoaren
De garnalefiskers hawwe dêrom oant 1 oktober de tiid krigen om harren motoaren skjinner te meitsjen. Sa lang wurdt de fiskerij tastien. Neffens partijen as de Waadferiening en Natuurmonumenten, mar ek Rykswettersteat, falt net út te sluten dat de garnalefiskers mei harren ark skea feroarsaakje oan de waadboaiem op wat minder dynamyske lokaasjes.
It ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiskerij (LNV) sjocht dat oars en is fan doel de fiskers nei oktober mei skjinnere motoaren wer in nije fergunning te jaan. Mei dat yn it foarútsjoch fynt de minister it ferantwurde om troch te gean mei it tastean fan de fiskerij. Dêrby waard ek rekken holden mei de gefolgen foar de fiskers as de fiskerij stil kaam te lizzen,
By de Waadferiening fine sy it beslút 'teleurstellend'. De feriening bestudearret it beslút noch.
"Geen significante effecten"
De betingsten dy't steld binne oan de gedoochbeskikking "borgen dat er geen significante effecten zullen zijn op de beschermde natuurwaarden", sa lit in wurdfierder fan LNV witte.