GGD slút priklokaasjes yn Snits en Drachten

Dizze man krijt in faksinaasje tsjin it coronafirus © ANP
De priklokaasjes fan GGD Fryslân yn Snits en Drachten slute harren doarren. Dat betsjut dat der ynkoarten gjin faksinaasjes tsjin it coronafirus en HPV mear set wurde sille.
De lokaasje yn Snits giet op 6 april ticht. Drachten folget op 11 april. De GGD konstatearret dat de belangstelling foar coronafaksinaasjes bot ôfnimt. It is dêrom net mear nedich om Snits en Drachten iepen te hâlden.
Sûnt de iepening fan de faksinaasjelokaasje binne der yn Snits yn totaal 201.610 prikken set. Boppedat binne der 177.423 coronatesten ôfnaam. Yn Drachten giet it om 265.011 prikken en 208.775 testen.
Minsken dy't noch in faksinaasje tsjin it coronafirus of HPV hawwe wolle, moatte hjirfoar tenei nei Ljouwert ta,